Zoek op inhoud

Joachem is in jonge fan 12 jier âld, dy’t al sûnt in healjier net mear praat. Hy praat net mear omdat er stammeret en dêrtroch narre en útlake wurdt. Foaral de pestkoppen Wybren en Marten meitsje it Joachem en syn beste freondintsje Marijke dreech, troch se faak te treiterjen.

Mar dan op in dei fine Marijke en Joachem it kadaver fan in hiele bysûndere fûgel. De fûgel moat opstoppe wurde, wêrnei’t de master fertelt dat se nei Einstein gean moatte. Einstein stiet yn it doarp bekend as in nuver figuer dy’t in protte op himsels is. Der giet dan ek allegearre rabberij rûn yn it doarp oer watfoar rare man Einstein wol net is.

As Joachem op besyk giet by dy saneamde rare kluzener, wurde Einstein en Joachem beste freonen. Troch harren oerienkomsten begjint Joachem him hieltyd mear op syn plak te fielen. Sil Joachem dêrtroch úteinlik noch begjinne te praten en better foar himsels opkomme.

It boek bestiet út in protte dialogen, wat nei myn idee hiel goed foar de jeugd is. Sa leare se net allinnich better petearkes te fieren yn it algemien, mar ek yn it Frysk. It ferhaal is auktoriaal skreaun, dat betsjut dat de skriuwer of de ferteller alles wit. Dat makket it ferhaal ynteressant, want do komst allegearre dingen te witten, ek de dingen dy’t Joachem net wit.

It boek is hiel fijn om te lêzen, omdat in protte jongeren harren yn de karakters fine kinne. In protte Fryske jeugd wennet krekt sa as Joachem en Marijke yn in gewoan Frysk doarpke dêr’t rabberij is en elkenien inoar wol ken. Dêrneist bringt it boek ek it ûnderwerp stammerjen yn it ljocht, dêr’t begryp foar komme moat.

Koartom, in moai en leuk lêsboek foar bern fan in jier as 11, 12 of in bytsje âlder.

 

‘De stilte fan Joachem’ is foar € 10,90 hjir online te bestellen.

-> Fleur is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.