Zoek op inhoud

In boek betocht troch de skriuwer fan De Gruffalo en yllustrearre troch de tekener fan it boek Wy geane op bearejacht, dat kin hast net oars as in hiel moai boek wêze. Dy beide boeken hawwe wy yn ’e hûs en wurde faak út de kast helle om foar te lêzen. It boek fan De Grutte Griene Grizel sjocht der moai út. De titel fan it boek makket ús fuortendaliks nijsgjirrich. Wa of wat soe dy grutte griene grizel wêze? It boek is grut fan formaat. De platen komme dêrmei goed út. De tekst bestiet út koarte stikjes en lêst dêrtroch flot foar. 

Fuortendaliks doe’t wy it boek thús krigen, woene Stijn en Beau it boek lêze. Sy fine it wol spannend. Watfoar bist soe der yn ’t hol fan knyn sitte? Stijn tinkt dat er in lange sturt hat en miskien ek wol in hoarn op ’e holle. Beide tinke sy dat er yn elk gefal grutter wêze moat as in oaljefant, alhoewol?? Hoe soe er dan yn ’t kninehol komme kinne? Miskien kin er wol fan foarm feroarje?

Op in dei as knyn thúskomt, heart er út syn hol in stim kommen. Dy ropt: ‘Ik bin in Grizel Grut en Grien en ik bin akelich gemien.’ De stim is sa lûd dat knyn der benaud fan wurdt. Hy doart net mear nei binnen. Gelokkich wol kat it wol probearje, mar as kat de stim heart, doart er it dochs ek net. Bear wol it dêrom wol besykje, mei syn sterke klauwen kin de Grutte Griene Grizel him dochs neat dwaan? As ek oaljefant it net oandoart it hol fan knyn yn te gean om de Grutte Griene Grizel fuort te jeien, binne de bisten har ried te’n ein. As sels in bist lykas in bear of in oaljefant al bang is, wa moat harren dan noch rêde? Mar dan komt der help út in ûnferwachte hoeke. Soe it dan dochs goed komme? 

De beide bern fine it o sa spannend…

Ferromme dat it net wie wat de jonges tochten, betinke sy hoe’t it kin dat de stim sa lûd klinkt. Stijn fertelt dat dat komt troch de echo. Meielkoar besykje wy in echo te meitsjen troch fan ús hannen in tunneltsje te meitsjen en dêr wat trochhinne te roppen. Dat klinkt yndie folle lûder. Asto beide hannen brûkst, klinkt it hielendal lûd.

 

Wat in moai boek’, seit Stijn neidat it út is. ‘Ik vond het wel spannend’, fertelt Beau.

 

Sa gau as de bern wer nei skoalle meie, komt it boek ûnder de earm mei nei skoalle ta. Ek de bern út ’e klasse moatte derfan genietsje. ‘Ik gean noch net ferklappen wat der yn it hol fan knyn sit,’ seit Stijn, ‘dan is it foar de oare bern ek noch in ferrassing.’ Soene sy krekt sa ûnder de yndruk wêze fan de Grutte Griene Grizel?

 

‘De Grutte Griene Grizel’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

->  Simone is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.