Bear en iikhoarntsje binne bêste freonen. Se dogge dan ek alles tegearre. Bear folget iikhoarntsje oeral wêr’t er giet en wol dan ek alles foar iikhoarntsje dwaan.
Iikhoarntsje fynt dat net altyd like leuk en nei in skoftsje kriget iikhoarntsje genôch fan bear. Hy wol leaver even allinne litten wurde. Mar nei in tiidsje begjint iikhoarntsje bear te missen en freget er him ôf oft er wol sa gelokkich is allinnich. Giet iikhoarntsje wer op syk nei bear en fine se inoar werom?
Troch it rymjen binne de ferhaaltsjes maklik te begripen en ha je it ferhaaltsje sa út.
Smriti Halls, de skriuwster fan it boek, stiet bekend trochdat de karakters yn har boekjes allegearre bisten binne en omdat har ferhaaltsjes rymje. Troch it rymjen binne de ferhaaltsjes maklik te begripen en ha je it ferhaaltsje sa út. Bysûnder is dat de rymjende ferhaaltsjes fan Halls yn wol fiifentweintich talen oersetten binne, dêroan koe it Frysk net ûntbrekke.
It tema fan it boek kin bern helpe by it begripen fan in soms wat dreech ûnderwerp lykas freonskip. It ferhaal lit op in leafdefolle en grappige manier sjen hoe lestich mar ek hoe moai freonskippen wêze kinne en dat je der úteinlik altyd foar inoar wêze moatte. It ûnderwerp fan it boek is net allinnich mar moai, mar ek noch tiidleas. Dit is echt in boek dat bern letter ek noch oan harren eigen bern foarlêze kinne.
It boek stiet fol mei sokke moaie yllustraasjes en se folje it ferhaal prachtich oan.
It boek hat in moai kaft, wêrop’t al ien fan de leaflike mar ek humoristyske plaatsjes te sjen is. It boek stiet fol mei sokke moaie yllustraasjes en se folje it ferhaal prachtich oan.
Koartom in boek wêrmei’t je noch jierrenlang wille ha kinne en in echte oanrieder foar wa’t syn bern graach in moai boadskip meijout foar it sliepengean.
Fleur de Vries
‘Ik bliuw by dy’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.
-> Fleur is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.