Zoek op inhoud

Yn it boekje ‘It bêste fan NYK DE VRIES’ binne de 27 aldermoaiste, ultrakoarte, komyske ferhalen fan skriuwer, dichter en muzikant Nyk de Vries bondele. Hy beskriuwt op syn eigen, unike wize it Fryslân (De Wâlden) fan syn jeugd. De tekeningen op de foarkant en op de linker siden binne makke troch Willie Darktrousers.

Op elke rjochter bledside fynst in koart, op himsels steand ferhaaltsje mei op de bledside derneist in bypassende swart-wyt tekening. De ferhaaltsjes binne maklik te lêzen en geane oer de meast útinoar rinnende saken, dy’t hy troch de jierren hinne meimakke hat. Hy skriuwt meastal yn de ik-foarm en makket dêrneist in protte gebrûk fan (plak)nammen. De ‘clou’ fine je faak yn de lêste sinnen fan de ferhaaltsjes.

It moaiste ferhaaltsje fyn ik persoanlik ‘Spikers.’ In hiel werkenber ferhaaltsje oer in heit dy’t neat fuortgoaie kin, om’t alles fêst noch wolris fan pas komme kin, mar ek oer in omke dy‘t dêr hiel oars oer tinkt.

“Hy sei: ‘Jonge, ik hoech yn myn hiele libben noait wer in spiker te keapjen.‘ Us omke Sake wie oars. Dy sei: ‘Jonge, ik hoech yn myn hiele libben noait wer in spiker te sjen.’ “

By it lêzen fan de ferhaaltsjes kaam ik derefter dat it iene ferhaaltsje my mear oanspruts as it oare. Dat kaam troch de ûnderwerpen dy’t besprutsen waarden en trochdat ik net elke ‘clou’ hielendal begriep. Faaks hat dat ek te krijen mei myn leeftyd en it feit dat Nyk syn humor út De Wâlden komt en ik in klaaiklút bin…

Al mei al fyn ik it in moai, lyts boekje, dat je maklik trochlêze. Je kinne dit boekje fol lytse ferhaaltsjes goed yn in moai pakketsje (mei in bierke en wat lekkers) kado jaan op heitedei, of op in jierdei!

Marrit Jongbloed

 

‘It bêste fan Nyk de Vries!’ is foar € 7,50 hjir online te bestellen.

-> Marrit is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.