As bern sa no en dan útfanhúzje kin it dêr in protte fan leare. It wurdt der selsstannich fan en it fergruttet syn selsfertrouwen. Bern leare dat se it bêst gesellich hawwe kinne ek al binne se in nacht net thús. Guon bern (mar soms ek de âlders) binne benaud dat bern ûnwennich wurde sille.
It is goed om tiid te meitsjen om te fertellen dat jim soan of dochter earne oars sliepe sille, gjin wiken fan te foaren want soks ferheget allinne mar de spanning. Troch tegearre der mei dwaande te wêzen krijt in ‘nije’ ek in plakje, pak begelyks tegearre in taske yn en ferjit de knuffeltsjes net mei te nimmen. En as jim dan tegearre te plak binne op it útfanhúsadres, meitsje dan it ôfskie net te lang en belje net krekt as bern op bêd sille want dan komme wis de ‘waterlanders’!
Alle earste kearen binne in lyts drompeltsje dat nommen wurde moat. En net alle bern sille like maklik út fan hûs gean. Guon fine it in grut aventoer en oaren in net te nimmen festing. Kinst it stapke by stapke opbouwe. Kinst bern earst ris oerdei in pear oeren sûnder heit en mem op it oppasadres litte, dêrnei ek it jûnsiten derby en by in folgjende stap kin bern begelyks ek sliepen bliuwe.
Krijst in útfanhuzer oer de flier?
Nim de tiid en lis bern út wat der dy dei op it programma stiet. Aldere bern kinne in hiele dei oersjen mar betink dat pjutten en beukers tiid oars mei tiid omgean. Dan helpt it ast seist ‘nei it middeisiten..’. Fertel bern dudelik wannear’t se wer ophelle wurde.
Alfêst oefenje
Sille bern by pake en beppe út fan hûs? Lit pake of beppe dan thús in kear de bern op bêd bringe. As bern der net oan ta binne, lit it dan noch eefkes gewurde. It idee moat wenne en as jim bern fertroud is mei de ‘oppasser’, wurdt it idee nei ferrin fan tiid oangenaam spannend!
Grutsk!
As it ‘útfanhúzjen’ slagge is, binne bern hiel grutsk. In ekstra komplimentsje is op syn plak en it makket útfanhúzjen foar in oare kear wer makkeliker; de foarige kear gie it ommers ek goed! Dêrby hawwe bern no ek leard dat net oeral deselde rigels binne as thús. Dat kin ek hiel ferhelderjend wêze.
Oei!
As it sliepen net wol, spring net fuort yn ’e auto om soan of dochter op te heljen. Wol it echt net en wurdt it de slieperij in drama, dan sit der neat oars op. Ommers foar bern en oppasser moat it wol leuk bliuwe!

By beppe útfanhûs
Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe…
In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder.
De recensie van Wietske: By beppe útfanhûs
Logeren bij beppe, wie wil dat nou niet en wat zal er allemaal gebeuren? Wanneer onze kinderen de titel van dit boek horen en de vrolijke voorkant zien met Maaike en beppe voorop raken ze nieuwsgierig naar het verhaal…
De resinsje fan Lisanne: Gozert
We gaan op missie! Ga met Ties en Gozert mee op trollenjacht, vecht met eetbeestjes of versla de draken in het bos. Deze twee beste vrienden hebben een kleurrijke fantasie, waarin ze elke keer weer voor een nieuw en spannende missie komen te staan.
De resinsje fan Anne: ‘By beppe útfanhûs’
In hiel werkenber ferhaal oer útfanhûzje. Fan it koffer ynpakken, beppe dy’t alle war docht om it moai en noflik to meitsjen, oant it útswaaien by it wer nei hûs ta gean fan Maaike. It famke giet net faak by beppe útfanhûs, tink ik, want se moat al hast gûle by it ôfskied fan mem. Fierder yn it boek hat se ek nochal krap. By it pankoekiten, yn bad en as Maaike op bêd leit fansels.
De resinsje fan Jenny: By beppe útfanhûs
“At mem fuort moat mei it fleantúch, kin lytse Maaike net mei. Derom sil Maaike by beppe útfanhús. Maaike pakt har kofferke en nimt fan alles mei. By beppe dogge se tegearre allegearre leuke dingen, mar dochs fielt Maaike har net hielendal bliid. En as Maaike op bêd giet en yn de nacht wekker wurdt, mist se har mem en moat se gûle. Maaike wurdt ûnwennich, lokkich wit beppe rie en mei Maaike by beppe yn it grutte bêd sliepe.”