Zoek op inhoud

De flaptekst fan ‘Om’ fertelt dat skriuwer Geart Tigchelaar yn dit boek inkelde ûnderfiningen dy’t er sels as fytser opdien hat, ferwurke hat ta in psychologyske fytsroman. Haadpersoan Ate is op de fyts ûnderweis nei de Noardkaap, om sa ôf te weevjen mei syn ferline.

Dat moast wol in boek wêze dat ik moai fine soe, like my ta. Ik hâld fan roadtrip-ferhalen en ik sit sels regelmjittich op ’e racefyts. Ik kin my dus alles foarstelle by pynlike kilometers en sa wurch wêze datst dyn fyts wol delsmite wolst. In fytstocht fan mear as in dei haw ik lykwols noch nea dien, dus ik wie hiel benijd hoe’t Ate it derôf bringt yn it boek ‘Om’.

Ik hie al in hiel skoft gjin Fryske roman lêzen. Net raar dus dat it my in stik of tritich siden koste om der in bytsje yn te kommen. Tafal of net, mar dat wie ek ûngefear it punt dêr’t ik te lêzen krige wêrom oft Ate op de fyts stapt is.

Oars as yn de measte boeken hat Tigchelaar der foar keazen om de prakkesaasjes dy’t oer it hjir en no geane kursyf te meitsjen, wylst de gedachten oer it ferline yn gewoane letters drukt binne. Moai fûn, want it makket dúdlik dat it yn dit boek – en yn Ate syn holle – net giet om it opsetten fan de tinte, de lekke bân, of de moaie plakjes dêr’t er trochhinne fytst, mar om de tinzen oer eartiids.

Dat feroaret yn it twadde diel, wêryn’t Ate Lotte moetet, mei wa’t er in relaasje begjint. Allinnich de – net altyd like aardige – gedachten oer Lotte binne no kursyf. Hoewol’t Lotte har eigen problemen hat, makket se Ate dúdlik dat hy syn ferline net echt ûnder eagen doart te kommen. Fuortfytse is it, flechtsje, yn stee fan prate. Ik bin it mei Lotte iens. Ate liket gjin spyt te hawwen fan hoe’t er syn broer behannele hat. Syn fouten tajaan, dat docht er net. 

It makket dat ik gjin sympaty opbringe kin foar Ate. En ek net foar syn pynlike kilometers, want dy wurde hast net beskreaun. Dochs lêst it boek hearlik fuort, omdatst by elke side witte wolst wat der yn it ferline bard is, oft Ate de Noardkaap hellet en oft hy einlings alles ûnder eagen sjen wol. In prima boek om te lêzen yn in frij wykein of de fakânsje.

 

‘Om’ is foar € 19,50 hjir online te bestellen.

-> Irene is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.