Sels bin ik berne yn Wierum, hikke en tein yn Minnertsgea en no wenjend yn Dokkum.
Fan see nei klaai en no tsjin de Wâlden oan…. Ik soe in frjemde ein yn ’t bit wêze moatte foar “It bêste fan Nyk de Vries”.
It giet yn dit lytse, hânsume boekje nammentlik om humor út de Wâlden.
Humor út de Wâlden, ferpakt yn lytse, koarte, maklik te lêzen ferhaaltsjes. Op elke side ien, ien ultrakoart komysk ferhaaltsje.
Nyk de Vries is mear as skriuwer allinnich, hy is benammen bekend om syn gedichten, mar hy is ek noch muzikant. In wier keunstner.
En krekt dat keunstner-wêzen, dat krekt in bytsje mear, dat wêzen docht bliken út syn moaie stikjes.
It binne stikjes, ferhaaltsjes, fan alle tiden.
It is in keunst om in ultrakoart ferhaaltsje te skriuwen wêryn’t it foar de lêzer daliks dúdlik wurdt wêr’t it om giet, plak, tiid, persoan. De keunst wurdt noch grutter at sa’n ferhaaltsje dan ek noch in glimk by my en wierskynlik ek by jo opleveret. It is herkenber sa at Nyk de Vries skriuwt, it soene gebeurtenissen út ús eigen libben wêze kinne. It soene ús konversaasjes mei de oar wêze kinne.
Sels helje ik my minsken foar de geast út myn libben dy’t bepaalde útspraken ek dwaan koene, sjoch, dan komt de glimk.
Boufakkers yn Rome, gefaarlik Harkema, in blauwe flesse kado krije… It bart allegear.
Grutsk op de Opel Ascona, mar hoe tinkt de oar dêroer… en op petear by Rink… Mar net tefolle oer skriuwe…
Der moat noch wol ien belangryk punt beneamd wurde. Elk ultrakoart teltsje hat syn eigen bypassende tekening. Tekeningen dy’t makke binne troch Willie Darktrousers… ek humor út de Wâlden.
It bêste fan Nyk de Vries, humor út de Wâlden… Litte we sizze foar de flugge glimk.
Pieter Zuidema
It bêste fan Nyk de Vries!’ is foar € 7,50 hjir online te bestellen.
-> Pieter is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.