Zoek op inhoud

Lêstip fan Keimpe oktober: Pippi Langkous (Frysk)

Yn oktober is it wer Kinderboekenweek en dit jier is it tema 'Lekker eigenwijs!'. En wa is no it meast eigenwize famke yn de berneboekewrâld? Pippi fansels! Dêrom is de Fryske Pippi dizze moanne de Lêstip fan Keimpe!


Lêstip fan Keimpe septimber: Heity! Help!!

Nij ferskynd by de Afûk: 𝐇𝐞𝐢𝐭𝐲! 𝐇𝐞𝐥𝐩!!
In ferhaal fan Thys Wadman, mei yllustraasjes fan Wim Swart.

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit om te helpen.

Lêstip fan Keimpe augustus: Op it bouplak

Wat bart der op it bouplak?
Op de grutte platen kinne (ek jonge) bern al fan alles ûntdekke en oan ’e hân fan de lytse ferhaaltsjes wurdt op in ienfâldige wize útlein hoe’t alles der om en ta giet.

Gozert: De resinsje fan Simone

Ties hat in freon. In hiele grappige en aardige, dêr't er allegear aventoeren mei belibbet.
Gozert hjit er. Ties fynt Gozert hielendal geweldich, allinnich de oare minsken fine dat net.

Lêstip fan Keimpe: Omke Ûle sjocht stjerren

'Omke Ûle sjocht stjerren' is de lêstip fan Keimpe fan de moanne maart 2024!

Lêstip fan Keimpe novimber: Sipke op ’e buorkerij

Yn oktober waard alwer dit sânde Frysk-Nederlânske Gouden Boekje fan Sipke Pipermûs presintearre. Dat fûn plak yn it Fries Landbouw Museum yn Ljouwert. It earste eksimplaar waard oerhandige oan boer Jaring en syn frou Lotte fan Boer Brunia, dy’t Lida holpen hawwe by de research foar it boek.


Lêstip fan Keimpe: Ik wol in bosk op ’e jierdei

‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme.

Lêstip fan Keimpe desimber: Boer Boaris en de sniepop

Nij ferskynd by de Afûk: de Fryske edysje fan Boer Boris en de Sneeuwpop fan Ted van Lieshout. De Fryske oersetting is fan Eppie Dam.
In moai boek foar desimber!


De resinsje fan Annemarieke: 'Tomke nei de bosk'

Wy krigen in oantal wiken werom it boekje fan Tomke nei de bosk. Ien fan de boekjes oer de fjouwer seizoenen, dêr’t wy wat oer fertelle meie. Us Maaike hat it doaske út de brievebus helle en freget oan mem: ‘Wat sit hjiryn?’ Mem seit: ‘In kadootsje foar dy!’ Maaike pakt it entûsjast út en ropt nei mem: ‘Nij boek foar my!’

De resinsje fan Hester oer 'De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder'

In prachtich, learsum boek fol mei moaie tekeningen en de aldermoaiste teksten. In boek foar jong en âld. In boek dat rekket, in boek dat bringt en miskien noch wol mear jout.

Animaasje oer meartalich grutbringen

In Friesland groeien kinderen op met meer dan één taal. Hoe ziet deze tweetalige ontwikkeling eruit? Wat zijn de voordelen ervan? En hoe kun je deze ontwikkeling zo goed mogelijk begeleiden?

Meertaligheid, een uitzondering?

Integendeel! Opgroeien met één taal is eerder een bijzonderheid. Alleen al in Europa wonen 50 miljoen mensen die iedere dag twee of meer talen spreken.