
Lêstip fan Keimpe desimber: Boer Boaris en de sniepop
Nij ferskynd by de Afûk: de Fryske edysje fan Boer Boris en de Sneeuwpop fan Ted van Lieshout. De Fryske oersetting is fan Eppie Dam.
In moai boek foar desimber!
Boer Boaris en de sniepop is de Lêstip fan Keimpe fan de moanne desimber 2024.
It is hast krysttiid en it hat snijd. Boer Boaris, Bearend en Sam meitsje in sniepop. Mar dan wurdt it teiwaar…
Boer Boris is in populêre Nederlânske printeboekesearje fan Ted van Lieshout en yllustrator Philip Hopman. Der binne al ferskate dielen ferskynd en ek meardere kearen yn ’e prizen fallen.
Sjoch hjirûnder foar noch mear leuke aktiviteiten en tips dy’t passe by dit boek!
Lústerje nei it ferske ‘Waarman Pyt’.
Noch mear leuks foar by it boek:
Sjoch hjirûnder in moaie sifer-tekening om thús te meitsjen. En wolle jim noch mear lêze? Klik dan op it ferhaaltsje fan Spoar8 oer in snieman.
Keimpe hat ek wer in moaie ynteraktive sykplaat, ditkear oer de winter. Kinsto alle wurden dy’t Keimpe neamt, oanklikke yn de plaat? Leuk én learsum!
Resinsjes
(folgje sa gau mooglik!)
Boeketips!
Oare prachtige boeken oer Boer Boaris óf oer de winter/snie: it Winterboek, Boer Boaris en Sipke syn Alvestêdetocht. Lês hjirûnder de resinsjes fan it Afûk Boekpanel oer dy boeken.
De kryst-lêsbingo fan Keimpe!
Keimpe de Krokodil wol bern graach mear lêze litte. Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke, spesjaal foar desimber en de krystfakânsje!
Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen.
Klik op it plaatsje foar de download (PDF).


Witst dat der ek in prachtige
Keimpe-hânpop-knuffel
te keap is?
Mear witte oer Keimpe?
Sjoch op: