Zoek op inhoud

Wy krigen in oantal wiken werom it boekje fan Tomke nei de bosk. Ien fan de boekjes oer de fjouwer seizoenen, dêr’t wy wat oer fertelle meie. Us Maaike hat it doaske út de brievebus helle en freget oan mem: ‘Wat sit hjiryn?’ Mem seit: ‘In kadootsje foar dy!’ Maaike pakt it entûsjast út en ropt nei mem: ‘Nij boek foar my!’

Even letter sitte wy meielkoar achter yn de tún in boekje te lêzen. Maaike sit op in dikke beamstam, krekt as mem. Lytse Femke dwarrelt wat om ús hinne. Mem fertelt watfoar kleuren allegear by bledsjes foarkomme: giel, read en brún. Maaike seit: ‘Griene bledsjes binne der no ek! Mem seit: ‘Do hast gelyk, mar yn de hjerst binne dy der hast net.’ En mem fertelt watfoar leuke popkes ast meitsje kinst fan kastanjes. ‘Wat binne dat, mem?’ Dat is lestich om út te lizzen at se der net binne. Mem siket in plaatsje op yn it boekje fan Tomke nei de bosk en lit Maaike sjen hoe’t in kastanje derútsjocht. 

Mem seit tsjin Maaike: ‘Kom, dan geane wy meielkoar nei it Skoalleboskje oan de oare kant fan ’e dyk.’ In lyts boskje dêr’t we alle eleminten út it boek wol tsjinkomme, allinne net sa moai as we yn ’e hjerst alles oantreffe. We kinne gjin kastanjes sykje, sa at Yana Yu en Tomke mei Kornelia dogge yn it boekje.

 

‘Wat in leuk boekje’, seit Maaike en de oare deis seit Maaike at se wekker is: ‘Mem, geane we wer nei it bosk? En dan it boekje ek mei.’ We sykje opnij in plakje om it boekje rêstich te lêzen, midden yn it bosk, tusken de dasseboargen. Beide famkes sjogge my oandachtich oan at ik fertel oer it bosk en alles probearje oan te wizen. Fol ferwûndering wurdt der lústere. Dêrnei sykje wy wat bledsjes, blokjes en oar spul út it bosk. We nimme it yn de tas mei nei hús, mar meitsje net sokke moaie knutsels as Tomke!

Groet Annemarieke 

 

Tomke nei de bosk is foar € 6,50 hjir online te bestellen.

-> Annemarieke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.