Zoek op inhoud

De resinsje fan Hester oer ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’

In prachtich, learsum boek fol mei moaie tekeningen en de aldermoaiste teksten. In boek foar jong en âld. In boek dat rekket, in boek dat bringt en miskien noch wol mear jout.

De tekeningen yn it boek binne sa moai yllustrearre, dat se der gewoan om freegje om der wat langer nei te sjen of miskien sels wol oer nei te tinken. Krekt as de teksten. Hoe faker ik de teksten lês, hoe mear ik deroer neitink wat se eins foar my, en miskien ek wol foar in oar betsjutte.

Ik bin sa lyts,’ sei de mol. ‘Ja,’ sei de jonge, ‘mar do makkest in grut ferskil.

Al langere tiid bin ik fan fan dit boek, de teksten reitsje my. Oft ik no fertrietlik of just fleurich bin. It docht wat mei my. Dat it boek no ek oersetten en útbrocht is yn myn eigen memmetaal, makket grif dat ik it boek der noch faker by pakke sil. In moaie tekst foar op in kaart foar in dierber persoan, of om ien dy’t it op dat stuit goed brûke kin bygelyks oan te moedigjen, sterkte of krêft te winskjen. Yn dit boek fynst it.

Wat is sukses neffens dy?’ frege de jonge. ‘Leafhawwe,’ sei de mol.

It kaft nûget út om it boek derby te pakken, de tekst op it kaft is printe mei goudfoly en sels de bledsiden fan it boek fiele noflik en stevich tusken de fingers. It lettertype fan it boek past presys by it ferhaal en by de yllustraasjes. Koartsein, in prachtich boek. Foar dysels of om kado te jaan. It makket eins neat út. Ek al soest it boek allinnich mar oanskaffe of bygelyks fan Sinteklaas freegje om dermei te ‘pronkjen’ yn of op ’e kast. It is neffens my altyd de muoite wurdich om it te hawwen…

Hester Visser- Kooistra út Winsum
Konsulinte meartaligens jonge bern
SFBO

-> Hester is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder

‘Wat wolsto letter wurde ast grut bist?’ frege de mol. ‘Leaf,’ sei de jonge. ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’, fan Charlie Mackesy is in moderne fabel foar jong en âld. De 100 yllustraasjes en de poëtyske teksten fertelle it ferhaal fan in bysûndere freonskip, tusken de jonge en de trije bisten. De universele lessen dy ‘t se mei-inoar leare binne stik foar stik libbenswiisheden. In prachtige moderne klassiker.

Boekresinsje fan Wietske: Ik wol in bosk op ’e jierdei

Voor mij ligt een vrolijk gekleurd boek met een titel waar onze kinderen gelijk nieuwsgierig van worden. “Een bos op je verjaardag? Hoe kan dat nou? Mem, dat kan toch niet echt?” zegt de jongste. De middelste heeft er wel een idee bij: “Misschien kun je wel een boom planten, mem.” Mooi om alleen naar aanleiding van de voorkant al met elkaar in gesprek te zijn.

De boekresinsje fan Reina: “Dingeman krijt wjukken”

It sil dy mar oerkomme datsto fan it saaiste hûs yn ’e stêd telâne komst op de geweldichste buorkerij dy’tst dy mar betinke kinst. Dat bart mei Dingeman yn it boek ‘Dingeman krijt Wjukken’ fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra. 

Boekresinsje ‘Anton yn it museum’ troch Irene

Wannear’t ik Anton yn it museum oan Arne (3 jier) foarlês, falt my fuort it kontrast fan dit boek op. De earste siden binne griis en grau. Se litte sjen hoe saai oft it bestean foar guon wêze kin, mei in saai hûs en saai wurk op in saai kantoar. Mar it libben fan Anton – en de siden fan dit boek – krije hieltyd mear kleur.

Afûk-boekpanel

Wy binne op syk nei boek(foar)lêzers foar de Afûk-boekpanel. Wat foar dy? Liket it dy leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en der wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan!