Lêstip fan Keimpe novimber: Sipke op ’e buorkerij
Yn oktober waard alwer dit sânde Frysk-Nederlânske Gouden Boekje fan Sipke Pipermûs presintearre. Dat fûn plak yn it Fries Landbouw Museum yn Ljouwert. It earste eksimplaar waard oerhandige oan boer Jaring en syn frou Lotte fan Boer Brunia, dy’t Lida holpen hawwe by de research foar it boek.
Sipke op ’e buorkerij is de Lêstip fan Keimpe fan de moanne novimber 2024.
Dizze kear helpe Sipke en syn Pake boer Hûn op de buorkerij. Want Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan alles oer it Fryske lânskip. En as it wurk achter de rêch is, kriget Sipke in hiel bysûnder kado.
Sjoch hjirûnder foar noch mear leuke aktiviteiten en tips dy’t passe by dit boek!
Filmke sjen! ‘Pykje Fjouwer ‘
Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije. Dêrom wurdt Pykje Fjouwer achterlitten troch syn famylje. Hoe moat er him no rêde?
Klik op de ôfbylding om de fideo op Youtube te sjen.
Noch mear leuks foar by it boek:
IVN Natuureducatie hat tegearre mei de Afûk moaie meartalige wurdkaarten makke oer de natoer. De PDF hat yn totaal 16 plaatsjes mei de wurden der ûnder. Leuk om mei de bern te oefenjen!
Keimpe hat ek in moaie ynteraktive sykplaat oer de buorkerij. Kinsto alle wurden dy’t Keimpe neamt, oanklikke yn de plaat?
En binne jim al ta oan Sinteklaasferhaaltsjes? 🙂 Dan is dit ferhaaltsje oer Sinteklaas op ‘e pleats fêst wat foar jim!
Resinsjes
Resinsje Sipke op ’e buorkerij troch Lieneke
Boer Hûn is siik, Sipke en syn pake helpe him op de buorkerij. It boek jout in moai byld fan wat der allegearre barre moat op in pleats. De measte âlden kenne de Sipke-boekjes wol, dêr binne al hiel wat titels fan. It aardige fan dy boekjes is dat se sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk te lêzen binne. Se binne dêrom geskikt foar elkenien.
Resinsje Sipke op ’e buorkerij troch Jacquelien
Wy hawwe mei plezier it boek Sipke op ’e buorkerij lêzen.
Boer Hûn is siik en dus moatte Sipke en pake soargje foar alle bisten en it wurk op ’e buorkerij. Yn it boek lêze wy dat de kij ferweide wurde moatte en se moatte ek molken wurde, en der wurdt sels in kealtsje berne! Genôch aventoeren dy’t Sipke en syn pake belibje en dêr’tsto as pjut en beuker bekend mei rekkest en yn meinommen wurdst.
Boeketips!
Oare prachtige boeken oer de buorkerij: Joazefine yn ’e rein, Boer Boaris en Stip Lûden op ’e pleats, Lês hjirûnder de resinsjes fan it Afûk Boekpanel oer dy boeken.
Sipke op ’e buorkerij / Sipke op de boerderij
It sânde dieltsje yn de twatalige rige Gouden Boekjes oer Sipke Pipermûs en syn pake. Dizze kear helpe se boer Hûn op de buorkerij, want Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan alles oer it Fryske lânskip.
It boekje is foar mar € 9,99 te keap yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.
De hjerst-lêsbingo fan Keimpe!
Keimpe de Krokodil wol bern graach mear lêze litte. Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke, spesjaal foar de hjerst. Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen!
Klik op it plaatsje foar de download (PDF).
Witst dat der ek in prachtige
Keimpe-hânpop-knuffel
te keap is?
Mear witte oer Keimpe?
Sjoch op: