Zoek op inhoud

Lêstip fan Keimpe: Ik wol in bosk op ’e jierdei

‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme.

Linda waard ynspirearre troch it projekt BOSK yn Ljouwert, wêrby’t mear as 1000 beammen in rûte troch de binnenstêd ‘kuieren’. Yn it ferlingde fan Bosk, dêr’t Linda seach hoe’t bern genieten en boarten tusken de beammen fan it kuierjende bosk, nimt se ús mei op aventoer. Sy stelde harsels de fraach: “Hoe kin ik de ynspiraasje, de ferwûndering en de ynformaasje fan Bosk as byldmakker fêstlizze en trochjaan oan jonge bern en harren âlden en pakes en beppes?

It ferhaal

Simke hat in beam op ’e jierdei frege, dat liket har in moai kado. Bern by har út ’e klasse sizze dat dat net kin, dat in beam in stom kado is ast op de twadde ferdjipping wennest.

Dat sille we noch wolris sjen, tinkt Simke. Se docht gau in winsk yn it moanneljocht en skriuwt – foar de wissichheid – in brief oan de boargemaster. As Simke op in dei wekker wurdt, sjocht se skimen fan tûken en blêden. Is har winsk útkommen, of dreamt se noch?

De hiele strjitte komt ta libben: in keunstner fertelt oer de kleuren en de foarmen fan de beammen en de blêden, heit lêst foar op it balkon, der wurde beamhutten boud en bern boartsje ferstopperke. Simke soe o sa graach wolle dat it bosk foar altyd yn har strjitte bliuwt, mar kin dat wol?

In oade oan it bosk

Linda de Haan fertelt oer har nije boek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’, dêr’t tagelyk ek in Nederlânsktalige ferzje fan ferskynde: ‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’.

ik wol in bosk ope jierdei

Boekresinsje: Ik wol in bosk op ’e jierdei

Foar ús leit it prachtige printeboek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’. It boek is ynspirearre op it kuierjende Bosk, in projekt fan Arcadia dat yn de simmer fan 2022 yn de binnenstêd fan Ljouwert plakfûn hat. Ik lês it boek foar oan Else (4) en Marij (7).  

Ynsjochfilmke


Mear lêze oer de bosk? Lês it boekje ‘Tomke nei de bosk’!
Yn Tomke nei de bosk is it hjerst. Yana Yu komt mei in pear pompoenen by Tomke. Dêr kinne se it hûs moai mei fersiere!
Kornelia nimt harren mei nei de bosk om noch mear moais te sykjen. Bledsjes, ikels, kastanjes… Wat in moaie kleuren! Wat kinst dêr allegear mei dwaan?

Om út te printsjen


Klik op it plaatsje foar de pdf


Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!

Wistest dat der ek in prachtige Keimpe-hânpop-knuffel te keap is?

Ik wol in bosk op ’e jierdei

In fleurich printeboek oer dreamen dy’t útkomme en de magy fan beammen.

By útjouwerij Ploegsma yn Amsterdam is tagelyk de Nederlânske ferzje ferskynd ûnder de titel:
‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’.