Zoek op inhoud

Lêstip fan Keimpe oktober: Pippi Langkous (Frysk)

Yn oktober is it wer Kinderboekenweek en dit jier is it tema ‘Lekker eigenwijs!’. En wa is no it meast eigenwize famke yn de berneboekewrâld? Pippi fansels! Dêrom is de Fryske Pippi dizze moanne de Lêstip fan Keimpe!


Pippi Lankous is de Lêstip fan Keimpe fan de moanne oktober 2024.
Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogenske famke mei de reade flechten. Yn it boek steane de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy’t bern bliuwe wol!

Sjoch hjirûnder foar noch mear leuke aktiviteiten en tips dy’t passe by dit boek!

Oersetter Martsje de Jong oer de Fryske Pippi Langkous
“Ik fyn de sêne geweldich wêryn’t Pippi sels in wurd betinkt: spûnk. Se giet dêrnei nei allegear winkels om te freegjen oft se ek in spûnk hawwe. Want ja, no hat se wol in wurd, mar gjin idee wat it is. Uteinlik fynt se yn har tún in lytse krobbe, dat wurdt har spûnk.”

Lês it hiele ynterview hjir.

Filmke sjen!
‘Pippi verhuist naar Villa Kakelbont’

Ek sin om nei it boek wer efkes de bylden fan eartiids derby te sjen? De fideo’s fan Pippi Langkous binne op YouTube te finen.

Klik op de ôfbylding om de fideo op Youtube te sjen.

Noch mear leuks foar by it boek:
Yn ien fan de ferhaaltsjes giet Pippi nei Skoalle en letter bakt se pankoeken. Keimpe hat ek in moaie ynteraktive sykplaat oer skoalle. Kinsto alle wurden dy’t Keimpe neamt, oanklikke yn de plaat?
En ha jim nei it ferhaaltsje sels ek sin oan pankoeken? Mei dit resept kinne jim thús lekker bakke! En de leuke kleurplaat fan Pippi is fansels altyd moai om derby te meitsjen.

Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding foar de pdf.
Klik op de ôfbylding om de ynteraktive sykplaat te spyljen op keimpe.frl.

Boekresinsjes

De resinsje fan Liesbeth: Pippi Langkous

Pippi Langkous yn it Frysk, dat liket ús aardich. Us Fenna (fan 10 jier) is hielendal entûsjast as ik freegje oft se dit boek ek mei my lêze wol. De earste dagen lêze we it boek tegearre, mar al gau docht bliken dat Fenna sels (stikem) oan it lêzen is en al fierder yn it boek is as wêr’t we de foarige deis bleaun wiene…

Resinsje Pippi Langkous troch Annika

Op in dei kaam der in famke te wenjen yn it ferlitten hûs neist Tommy en Annika: Pippi Langkous hjitte se. Se hie gjin mem mear en har heit wie seekapitein, mar dy hie in ûngelok hân. Doe hie se besletten om yn it hûs te wenjen dat har heit jierren lyn kocht hie: Filla Keakelbûnt.

Pippi Lankous – Fryske edysje

Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ‘e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren!

Pippi Langkous is foar € 24,99 te keap yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

De hjerst-lêsbingo fan Keimpe!
Keimpe de Krokodil wol bern graach mear lêze litte. Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke, spesjaal foar de hjerst. Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen!

Klik op it plaatsje foar de download (PDF).  

Witst dat der ek in prachtige
Keimpe-hânpop-knuffel 
te keap is?


Mear witte oer Keimpe? 
Sjoch op: