It nije nûmer fan Heit&mem is der wer – fol mei ynspiraasje, ferhalen en fleurige bernepraatsjes foar alle heiten, memmen, pakes, beppes en oppassers fan bern fan 0 oant 12 jier. En it moaiste fan alles: it blêd is hielendal fergees!
Yn dit nûmer:
❄️ In poster mei de fjouwer seizoenen om út te knippen en op te hingjen 👧🧒 In moeting mei de bern fan Mantgum en harren grutte dreamen 🎨 In bysûnder ferhaal oer synestesy: as sifers, wurden en muzyk kleuren hawwe 💞 Bonusâlders fertelle oer harren plak yn in gearstald gesin 📚 In earste aventoer fan de nije pjuttefreontsjes Tys & Teske 🚜 In blik yn in twatalige berne-opfang dêr’t boartsjen, bewegen en Frysk sintraal steane 🌿 Wêrom bûten boartsjen sa wichtich is foar de ûntwikkeling fan bern 👨🍼 In unike swangerskipskursus spesjaal foar oansteande heiten: Fan Bar- oant Baarkruk 👶 De moaiste bernepraatsjes dy’t dy grif laitsje litte 🍼 Alwer in Fries: in fotosearje mei nijberne poppen út Fryslân 👵 In moaie fotoreportaazje fan bern mei harren leave beppe 📵 Opfiede sûnder skermen 👨👩👧 Wannear ast ien bern krigen hast… ❤️ It yndrukwekkende ferhaal fan Bastiaan en syn soan Julian, dy’t deselde niersykte hawwe ✂️ Hoe ast moaie hertsjeslingers nifelje kinst! 💙 Oer Thys dy’t ferneamd is nei pake Thys 📖 De moaiste Fryske berneboeken
En der is noch folle mear te ûntdekken! Lês ‘m gau!
Op de cover van deze heit&mem staan Lieke (7), Noah (5) en Maud (3) uit Akkrum. Sinds vorige week vrijdag zijn zij trotse grote zussen en broer geworden van hun zusje Tess. Lieke houdt van paardrijden en skeeleren, Noah is het liefst aan het voetballen of basketballen en Maud is gek op Minnie Mouse en haar skelter. Voor de camera staan bij Sjoeke is voor hen altijd een feestje – iets wat ze al doen sinds hun geboorte. Deze keer vond de fotoshoot plaats in een prachtige dahlia-pluktuin. Dat maakte het extra bijzonder: de kinderen genoten volop, mede omdat ze na afloop zelf bloemen mochten plukken. Ze zijn dan ook ontzettend trots op het eindresultaat.
Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.
Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.
Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.
We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet. Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië. De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn. Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?
Der wurdt tsjintwurdich lang safolle net mear bûten boarte as eartiids. It sosjale libben fan bern (mar miskien ek wol dat fan de heiten en memmen?) hat him ferpleatst nei binnen. Skermen lizze kontinu foar it gripen. Tiid om dêr feroaring yn te bringen, fynt Reina Reekers-de Boer fan Groeiromte yn Wâldsein.
Minke wennet mei har heit, mem en broerke Jitse yn in hûs oan de Mantgumerfeart. Noch eefkes dan, want se sille ynkoarten in healjier op ’e camping yn Koudum wenje. Gewoan, om’t it sa’n moai aventoer is. Minke hat der no al sin oan om hiel faak fan de grutte glydsbaan te gean. Se hat in leuk libben, fynt se sels. In drok libben ek, mei in soad hobbys en sport. Twa kear yn ’e wike shorttrack, hurddrave, keatse, gitaarspylje… En dan docht se dit jier ek noch mei oan it Berneiepenloftspul.
Twirre hat krekt har jierdei hân en hat fan alles krigen: klaai, in krasboekje, in abonnemint op it tydskrift fan Freek Vonk. Mar it moaiste is de koffer mei mikroskoop. ‘Wy ha der al in wimper ûnder hân, en in bledsje… Kinst der ek allegear nije dingen mei ûntdekke.’ Dy mikroskoop komt goed fan pas, want Twirre wol letter biolooch wurde. Ek plysje en dûnser trouwens.
Jort wennet mei syn heit, mem en trije grutte broers Jelte, Melle en Djurre op in buorkerij bûten Mantgum. Dêr is altyd in soad te dwaan; mei de knyntsjes boartsje, of mei de jonge poeskes as dy der binne. Jort helpt heit ek wolris op ’e pleats, dan mei er op ’e trekker of op ’e shovel. En as it min waar is, boartet Jort mei syn broers yn ’e garaazje, genôch romte om lekker te rauzen! Mar spultsjedwaan is ek altyd leuk. Uno en Kroko Loko binne Jort syn favoriten. In spultsje winne slagget allinne hast noait, want dat docht grutte broer en spultsjefanaat Melle altyd.
Tsien is giel, woansdei is bordeauxread en augustus is fletsgrien. Al salang’t Femke de Walle har heuge kin, hawwe sifers, dagen en moannen in kleur. Mar ek noaten, akkoarden, seizoenen, letters en sels wurden ferskine foar har yn útienrinnende tinten.
‘Van Bar- tot Baarkruk. De enige zwangerschapscursus zonder poespas. Nuchter, eerlijk, praktisch én met humor. Vanuit de kroeg in Wytgaard. Gewoon mannen onder elkaar.’ In swangerskipskursus spesjaal foar (oansteande) heiten. Nijsgjirrich!
Het leven van Bastiaan (44) veranderde voorgoed toen bleek dat hij nierfalen had. Jaren later kwam er nóg een harde klap: zijn zoon Julian (13) blijkt dezelfde nierziekte te hebben. Hoe ga je als vader om met je eigen ziekte terwijl je tegelijkertijd weet dat je kind mogelijk hetzelfde pad moet bewandelen?
Thijs is 9 jier en wennet mei syn heit, mem en suske yn Droegeham. Hy is ferneamd nei syn pake, dy’t ek Thijs hjit. Mar dat wist pake sels earst noch net.
Op de website van heit&mem maken wij gebruik van functionele en analytische cookies.
Functioneel
Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.