Zoek op inhoud
Resinsje 'De wurdskat' troch Jitske
Asto it boek iepenslachst, fynst in skat oan Fryske wurden. Fantastysk om allegearre te lêzen. Fan pjut oant sûkerspinrôs nei kâldklomje.
Boekresinsje 'Sipke ziet sterretjes - Sipke sjocht stjerkes' troch Marrit Tjalma
Wat hat dit lúkse Gouden Boekje in moaie foarkant! Je wurde gelyk nijsgjirrich nei it aventoer dat Sipke en syn pake dizze kear belibje sille, want wat docht pake no wer boppe op dy gouden bal, dy’t wol in hiel soad wei hat fan de sinne dy’t yn it Planetarium hinget...
Resinsje 'Kening sûnder hynder' troch Yvonne
As de kening mei in poerbêst sin de keninklike stâlen ynstapt, wachtet him in aaklike ferrassing: syn hynder is ferdwûn! Resolút giet er op aventoer om syn trouwe kammeraat te finen. Lang hoecht de kening net te sykjen, want bûten de kastielpoarte leit in draak te sliepen – en út de búk fan de draak klinkt it begrutlik: “Hi-hi-hii”. Wat dochst as dyn bêste freon opiten is troch in gigantyske draak? Dan moatst fansels earst efkes slokke. En dêrnei sammelest al dyn moed byinoar om him te rêden.
Resinsje 'Kening sûnder hynder' troch Lisanne
O nee, in de stal van de koning is niks te zien! Waar is zijn vriend, het paard, gebleven? Ook de stalmeester kan zijn vriend niet vinden, de koning voelt heldenmoed opkomen en besluit zijn vriend buiten de poort te gaan zoeken. Daar botst de koning direct tegen de draak aan die ooit zijn billen eraf hapte. Ssssst! Maak hem niet wakker! Maar wat is dat voor geluid?
Hoe goed spreken we eigenlijk nog Fries?
Goed nieuws voor alle Friese ouders: it giet aardich mei it Frysk! Uit een groot onderzoek van de Fryske Akademy en Planbureau Fryslân blijkt dat de taal nog steeds stevig leeft in onze provincie.
Boekresinsje 'De bûseskatten fan Poike' troch Thominde
De titel van dit boek past heel goed bij mijn dochter van 6 jaar en zoontje van 4 jaar. Elke dag uit school kijk ik hun tassen en hun jassen na, om bijzondere schatten te ontdekken. Van meelwormen (voor de schoolkippen) tot diamantjes die op de grond van het schoolplein lagen en van klei (wat lekker vastgekleefd zit in de jas) tot steentjes die ze als ‘maansteen’ bestempelen. Elke dag is weer een feest wat ze hebben verzameld. Dus toen ik een recensie mocht schrijven over dit boek, wist ik dat dit een voltreffer zou zijn bij de kinderen.
Boekresinsje 'De wurdskat' troch Antje
It printeboek ‘De wurdskat’ is in skat op himsels. It begjint al op it kaft en ast it boek iepenslachst, sjochst alderhande nijsgjirrige Fryske wurden. Dat jout fuort ek de sfear oan dy’t yn it hiele boek te fielen is: boartlik, licht, fleurich. Ast fierder blêdest, sjochst mei-ien wichtige ynformaasje oer de skriuwers/yllustrators: ien hâldt derfan om mei de holle yn de wolken te rinnen en de oare hâldt derfan om it seil te hisen. Bûtenminsken dy’t tagelyk grafysk goed ûnderlein binne. En dat is ek hoe’t it boek ynelkoar stekt. Ferbylding en betsjoening kombinearre mei soks as in wurd. Want wurden ferbyldzje en jouwe dy in bepaald gefoel.
Boekresinsje 'De geheime doar' troch Hilda
Auteur Lida Dykstra stiet eins wol garant foar in kwalitatyf goed boek dat dy as lêzer meinimt yn it aventoer. En dat jildt seker ek by har nije boek ‘De geheime doar’. Dêryn steane ferskate koarte ferhalen dy’t hieltyd wer pakkend binne. Dêrtroch kinst it moai flot trochlêze. En meast by ien ferhaal net ophâlde.
Boekresinsje 'Sake ûntdekt in wûndereilân' troch Lara
‘Sake ûntdekt in wûnder eilân’ is in spannend boek foar bern, dy’t harren fantasy noch net ferlern binne. Moai om foar te lêzen foar bern fan likernôch 7-8 jier. Tjits nimt dy mei yn de wrâld fan it floggen (iets wat faaks nij is foar de foarlêzer) en tagelyk ek yn de wrâld fan de fantasy. De tekst wurdt ôfwiksele troch dúdlike yllustraasjes, dy’t dy meinimme yn de wrâld fan Tjits.
Boekresinsje ‘It is bedtiid Stip’ troch Nathalie
It is bedtiid Stip! is een prachtig kinderboek over het lieve hondje Stip. Hij gaat kamperen in de tuin, maar is nog lang niet moe. Daarom maakt hij samen met zijn ouders een avondwandeling. Met zijn zaklamp – die met een mooi lint aan het boek vastzit – gaat Stip op ontdekkingstocht.
Boekresinsje ‘It is bêdtiid, Stip!’ troch Jeltje
Sadree’t Janneke (3 jier) it boekje ‘It is bêdtiid, Stip!’ út it kadopapier helle hat, lêze we it boekje.
Stip kampearet yn ’e tún, mar kin noch net sliepe. Dêrom giet er mei syn heit en mem noch in eintsje te rinnen yn ’e tún. Syn bûslampe moat natuerlik mei, want oars sjogge se neat yn it donker.
Boekresinsje fan Tiny: 'Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse'
Foar de heit&mem mocht ik it Fryske berneboek Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse lêze en dêr wat oer opskriuwe. In boek dat my fuortendaliks nijsgjirrich makke troch de kombinaasje fan filosofy, ferhaal en taal. Ik ha it foarlêzen oan groep 3/4/5 fan OBS Op ’e Dobbe yn Hallum en dat wie in moaie ûnderfining. De bern wiene fan it begjin ôf oan fol oandacht, ek om’t guon de Nederlânske ferzje al koenen. It wie no de Fryske edysje dy’t sintraal stie en dat makke dochs ferskil.