Resinsje ‘De wurdskat’ troch Jitske
Asto it boek iepenslachst, fynst in skat oan Fryske wurden. Fantastysk om allegearre te lêzen. Fan pjut oant sûkerspinrôs nei kâldklomje.
Dit fûn Femke ek nijsgjirrich (se praat sûnt 8,5 jier Frysk werom en is grutsk dat se it prate, ferstean en lêze kin. Troch Selektyf Mutisme, ûntdutsen nei in artikel yn heit&mem, prate hja net. Nei de logopedy, mar de logopedist wie Dútsk en koe allinne Hollânsk, dat Femke learde Hollânsk, mar myn man, har sus en ik hawwe konsewint Frysk praat).
Oant safier de fokus en ynteresse fan Femke. Hja woe it boek net tegearre besjen en lêze… wat mei prepubertiid, tinkt my. Want it belang fan wurden en twataligens seach Femke wol werom yn dit boek. Yn ’e klasse leart hja master Frysk. Want hy ken it net.
Fierders hat Femke gjin nocht mear om diel te nimmen oan it Afûk-panel.
Ik wol wol graach lid bliuwe omdat ik it wichtige fan de Fryske taal promoatsje wol; bliuwend en sichtber op sosjale media dêr’t ik myn resinsjes fan boeken dy’t ik lies delset.
Ik haw ek de lesbrief by dit boek besjoen op www.afûk.frl en waard dêr tige entûsjast fan. It soe op in Ljouwerter skoalle dêr’t it Hollânsk de boppetoan fiert perfekt passe. Ik sil it ris oerlizze mei de master.
Dit hiele boek troch rinst letterlik troch de yllustraasjes dy’t ûnder it lêzen ta libben komme. Sa moai dien.
In skat wurdt fûn en fan dêrút wurdt it ferhaal, eins it grutte aventoer, wiidweidich útrôle as in bol jern dy’tsto út ’e tiis hellest.
In teäter fan sjen, ynterpretearjen en beneamen, learsum omdat nije wurden en harren betsjutting leard wurde. Ek de wize en it wichtige fan uterjen fan losse letters, se kombinearje ta wurden en dy dêrmei fersteanber meitsje, letterlik en figuerlik.
In geskikt boek om foar te lêzen, sels te lêzen, ferskate typkes del te setten om saken dy’t barre fisueel yn wurden útsprekke te litten troch bern. Dat kin thús of op skoalle yn de klasse. Miskien tige geskikt foar de Fryske berneboeke-ambassadeur om bern it Frysk mei te jaan op skoallen dêr’t it Hollânsk op ’e foargrûn stiet.
In kleurryk, sterk byldzjend ferhaal dat útnûget ta noflik úntdekken mei bern, bernsbern of boanusbern. Of foar in bern om sels te lêzen. In boek dat ek goed op skoallen tapasber is, omdat boartsjen mei wurden en wurdskat magysk en learsum is. Yn de skoalbibleteek soe it ek hiel goed passe. De yllustraasjes meitsje dit ferhaal noch libbendiger en tille it nei in noch heger nivo. Op de bledsiden sjochsto alle kearen wer wat nijs.
Ik haw mei in protte niget dit ferhaal lêzen. Moai en tagonklik skreaun foar bern fan 7 oant 10 jier. En net allinne bern, want my as folwoeksene hat dit boek ek betsjoend. De skjintme sit yn de sterke brêge dy’t hieltyd slein wurdt tusken yllustraasje en tekst. Dat lûkt oan en hâldt de konsintraasje fêst.
Jitske N Kingma Postma
Boekresinsje ‘De wurdskat’ troch Antje
It printeboek ‘De wurdskat’ is in skat op himsels. It begjint al op it kaft en ast it boek iepenslachst, sjochst alderhande nijsgjirrige Fryske wurden. Dat jout fuort ek de sfear oan dy’t yn it hiele boek te fielen is: boartlik, licht, fleurich. Ast fierder blêdest, sjochst mei-ien wichtige ynformaasje oer de skriuwers/yllustrators: ien hâldt derfan om mei de holle yn de wolken te rinnen en de oare hâldt derfan om it seil te hisen. Bûtenminsken dy’t tagelyk grafysk goed ûnderlein binne. En dat is ek hoe’t it boek ynelkoar stekt. Ferbylding en betsjoening kombinearre mei soks as in wurd. Want wurden ferbyldzje en jouwe dy in bepaald gefoel.
Wat as de wurden dyn mûle net út wolle? Selektyf mutisme
Al op jonge leeftyd fernimt Rianne dat Michelle oars is as oare bern. Thús praat se hûndert út, mar op it pjutteboartersplak seit se gjin wurd. As Michelle nei de kleuterskoalle giet, werhellet him presys itselde ferhaal. De lytse Michelle boartet mei alle bern, sjongt thús ferskes dy’t se op skoalle leard hat, mar yn ’e klasse giet har mûle op slot. Leararen ha gjin idee wat der oan ’e hân is en ek Rianne snapt der neat fan. Oant it gesprek mei de GGD-arts, dy’t mei de diagnoaze komt: selektyf mutisme.