Resinsje ‘Kening sûnder hynder’ troch Yvonne
As de kening mei in poerbêst sin de keninklike stâlen ynstapt, wachtet him in aaklike ferrassing: syn hynder is ferdwûn! Resolút giet er op aventoer om syn trouwe kammeraat te finen. Lang hoecht de kening net te sykjen, want bûten de kastielpoarte leit in draak te sliepen – en út de búk fan de draak klinkt it begrutlik: “Hi-hi-hii”. Wat dochst as dyn bêste freon opiten is troch in gigantyske draak? Dan moatst fansels earst efkes slokke. En dêrnei sammelest al dyn moed byinoar om him te rêden.
De Berneboekewike stiet foar de doar, mei dit jier “Fol aventoer” as tema. Alle jierren komt der ek in printeboek út, passend by it tema, en dit jier is dat De kening sûnder hynder. In titel dy’t ûnskuldich liket – hoe dreech kin it wêze om in hynder te sykjen? – mar de kening lit sjen dat sa’n syktocht fol gefaar, spanning en nuvere ûntdekkingen sit. Hy belibbet syn grutste aventoer yn ’e mage fan de draak!
De kening sûnder hynder is ûnderdiel fan de populêre searje De ridder sûnder billen. Ek mei dit boek is it Levina van Teunenbroek en Charlotte Bruijn tige slagge om in noflike kombinaasje te meitsjen tusken spanning en humor. Der sil dan ek seker lake wurde ast dit boek foarlêst. De tekst is op rym skreaun – sels fyn ik dat altyd fantastysk! Foarlêzen wurdt in feestje: bern kinne de rymwurden sels oanfolje en yn it Frysk wurdt dat noch in bysûndere taalreis. Sa ûntdekke pjutten en beukers tagelyk sawol it ferhaal as de muzyk fan de taal.
Ek in grut komplimint foar Hermien van der Meer dy’t de oersetting foar har rekken naam hat. Dat liket my mei al dy rymwurden net maklik.
De yllustraasjes, fan Charlotte Bruijn, binne in feest foar it each: kleurich, soms paginagrut en fol details dy’t de fantasy fan bern prikkelje. By elke side is der wat nijs te ûntdekken – fan geheimen yn ’e mage fan de draak oant lytse grapkes dy’t net yn ’e tekst steane.
Koartsein: De kening sûnder hynder is in topper fan in printeboek, passend by de Berneboekewike. In ferhaal mei humor, spanning en rym – de gouden formule foar jong publyk. Perfekt om thús foar te lezen, mar krekt sa geskikt foar op skoalle of yn ’e berne-opfang.
Yvonne Soepboer
Broeksterwâld
Learkrêft

Kening sûnder hynder
De kening sûnder hynder is in grappich ferhaal op rym oer heldemoed en échte freonskip. It ferskynt nei oanlieding fan de Berneboekewike 2025.
Fryske berneboeken op tema
Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema’s as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!
Resinsje Boer Boaris en de sniepop troch Yvonne
It is winter en it snijt! En dat kin mar ien ding betsjutte: in sniepop meitsje. Boer Boaris, Sam en Bearend jouwe him de namme Bob.
Resinsje Do bist de leafste troch Yvonne
In kleurryk en poëtysk boek foar elkenien, fan jong oant âld!
Resinsje ‘Kening sûnder hynder’ troch Lisanne
O nee, in de stal van de koning is niks te zien! Waar is zijn vriend, het paard, gebleven? Ook de stalmeester kan zijn vriend niet vinden, de koning voelt heldenmoed opkomen en besluit zijn vriend buiten de poort te gaan zoeken. Daar botst de koning direct tegen de draak aan die ooit zijn billen eraf hapte. Ssssst! Maak hem niet wakker! Maar wat is dat voor geluid?