Linda de Haan, de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân
Linda de Haan is fan jannewaris 2026 ôf trije jier lang Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Sy jout de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht. Linda is de tredde BBA en bysûnder is dat sy neist skriuwer en ferhaleferteller ek yllustrator fan berneboeken is.
Hokker idee soesto as BBA graach útfiere wolle?
Linda: Ik bin noch mar koart lyn begûn as BBA, mar de skoalbesites oan basisskoallen fyn ik altyd moai. It leafst wol ik op plakken komme dêr’t ik echt wat bydrage kin oan de lêswille fan bern. Dêr ha ik ek de dosinten en de direksje by nedich. Dêrom bin ik no noch oan it pionierjen: ik ûndersykje ferskate manieren hoe’t ik dat it bêste oanpakke kin.
By myn besites nim ik in protte boeken mei, ek fan oare skriuwers. Yn ’e klasse praat ik mei de bern oer de aventoeren yn dy ferskate boeken: wat sjogge se, wat fiele se dêrby? As it past, geane se nei it foarlêzen ek oan it wurk mei in yllustraasje of in ferhaal. By in protte Fryske berneboeken binne lesbrieven makke en ik hoopje dosinten te ynspirearjen en sjen te litten hoe leuk it is om mei berneboeken oan ’e slach te gean.
Soms tink ik: we witte no dochs wol dat wy lêze en foarlêze moatte? Dêrom wol ik ek graach nei plakken ta dêr’t lêzen minder fanselssprekkend is, bygelyks nei âlders dy’t yn ’e finzenis sitte en bern hawwe, of jonge allinnichsteande froulju of manlju mei lytse bern. Der is noch in protte om mei oan ’e slach te gean!
Wat wolst dat bern fiele as se in boek iepenslane?
Linda de Haan: Fansels is it alderbelangrykste dat we de wille en ferwûndering yn lêzen weromfine. Jonge bern fine boeken leuk en binne nijsgjirrich, mar ergens yn ’e rin fan ’e jierren ferdwynt dat soms. Miskien komt dat wol mei trochdat we yn dizze tiid fan alles moatte. Yn in boek lykwols fynst rêst en kinst even hielendal ferdwine yn it ferhaal. Dat gun ik elkenien. As ik dêr no sa oer neitink, jou ik sels ek net altyd it goede foarbyld, ik kin wol wat faker ferdwine yn in boek yn stee fan yn myn tillefoan of mail. Boppedat fyn ik meartaligens in grut kado datst útpakke meist!
Bern witte faak net wat foar har de taal fan it hert is, of yn hokker taal se dreame, mar as ik dan freegje: ‘Asto hiel lilk bist, yn watfoar taal foeteresto dan?’ Dan wit elkenien it fuort!
As lêzen in superkrêft wie, wat soest dêr dan mei kinne?
As lêzen in superkrêft is, dan ferbynt it ús mei inoar. Taal hat dy krêft. It tink dat ast goed lêze kinst, datst dan ek better wurden de wrâld ynstjoere kinst én se better ûntfange kinst. Krekt dat foarkomt miskommunikaasje. Taal fergruttet ûnder oaren dyn wurdskat en ast in soad lêst, wurdt dyn ynlibbingsfermogen grutter, en dat makket dy empatysker. Belangrike feardichheden yn dizze wrâld.
De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen foar in skoalbesite of in lêzing.
Skriuwer: Ciska Noordmans
Foto: Natalia Balanina
Linda is in echte tûzenpoat
Linda is yllustrator, foaral fan boeken foar bern, of minsken dy’t har noch altyd jong fiele. Se hat har atelier yn Burgum, dêr’t it fol hinget en stiet mei proefkes fan inkt, makke fan beammen − as ynspiraasje foar har nije boek − mei stimpels dy’t se sels makket, boeken, tekeningen, oantinkens fan reizen en boekrelatearre merchandise. Alles fertsjintwurdiget in stikje fan Linda har wurk.
Fryske berneboeken op tema
Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema’s as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!