Zoek op inhoud
Resinsje Pippi Langkous troch Annika
Op in dei kaam der in famke te wenjen yn it ferlitten hûs neist Tommy en Annika: Pippi Langkous hjitte se. Se hie gjin mem mear en har heit wie seekapitein, mar dy hie in ûngelok hân. Doe hie se besletten om yn it hûs te wenjen dat har heit jierren lyn kocht hie: Filla Keakelbûnt.
Resinsje fan Sieta: 'Alle dagen Frysk-kalinder'
Jitris, spûketaast, wynsel en bekling. Samar in pear wurden dy’tst tsjinkomme kinst op de “Alle dagen Frysk - ‘Do it yourself’ kalinder” fan Birte Buwalda, dy’t ein 2018 ferskynd is by de Afûk. Sa is it hjoed, 26 jannewaris, it wurd ‘skjintme’ (schoonheid – beauty), in wurd dat ik sels wol ken, mar lang net altyd brûk.
Hop hop hop, paardje in galop in het Fries!
Witst noch? Datst eartiids by pake op skoat sietest en dat hy dat 'Hynke yn galop' foar dy song? Wy ha de tekst foar dy opsocht en hjir del set. Dan kinst gau ek mei dyn bern dit ferske sjonge!
De Tomke-massaazjekaartsjes: in moai momint om yn 'e rêst te kommen
De Tomke-massaazjekaartsjes brûke wy al in skoftke. Fanôf dat Rymer in jier as 3 wie, diene wy sa no en dan mei oan in oerke âlder/bern-yoga. Dat wie foar ús beiden hiel leuk. Rymer genoat altyd it meast fan ’e massaazje. Earst mem by Rymer op ’e rêch en dêrnei oarsom. Us yogajuf Christa makke dêrby ûnder oaren gebrûk fan de Tomke-massaazjekaartsjes.