Zoek op inhoud

Witst noch? Datst eartiids by pake op skoat sietest en dat hy dat ‘Hynke yn galop’ foar dy song? Wy ha de tekst foar dy opsocht en hjir del set. Dan kinst gau ek mei dyn bern dit ferske sjonge!

Hop hop hop, hynke yn galop.
Oer de sleatten, oer de stekken,
mar pas op foar’t skonkje brekken.
Hop hop hop, hynke yn galop!

Hop hop hop, hynke yn galop.
Oer de stekken, oer de sleatten,
draaf mar ta dan krijsto fretten.
Hop hop hop, hynke yn galop!

 

Fryske berneboeken op tema

Der wurde prachtige Fryske berneboeken útjûn. Wy ha alle boeken foar jimme op tema set, lykas de seizoenen, feestdagen mar ek tema’s as ferstopperke of kleur en foarm. Wy winskje jimme in protte foarlêswille ta!

Fryske apps foar bern

Der komme hieltyd mear apps by, gelokkich ék Fryske! Wy sette se allegear foar jim op in rychje.

De resinsje fan Harmke oer Kwek Kwek Minemyn

Sjong en beweech mar raak!

Sjongen hat in protte foardielen. It helpt bern by de ûntwikkeling fan taal, spraak, motoryk en lichemsbesef. Ast sjongen ek noch kombinearrest mei bewegingen, wurket it dûbelop, wit muzykterapeut Jitske Draijer. ‘Us beppes songen net foar neat ûnder it hinkeljen en toutsjespringen, dat wie fan grutte wearde!’