Zoek op inhoud

De nijste dichtbondel fan Arjan Hut bestiet út 19 fersen en telt wol 71 siden. Guon fersen beslane dan ek meardere siden en der is in fers by dat út seis parten bestiet. De bondel is opdield yn in fiiftal dielen: Fyn ik dy, Hoe’t geheimen reizgje, Archipel Skipslân, Termyk fan dreamen en Understêd. In it earste part, dat allinne út it fers Fyn ik dy bestiet, hat de dichter it oer it ta stân kommen fan syn poëzij: fine de wurden de dichter of fynt hy harren (it gedicht)? De bondel begjint mei in side mei in tal sitaten, oerset yn it Frysk.

Google leart my dat dy fan allegear bûtenlânske dichters binne, dy’t Hut faaks moete hat op Malta by it literatuerfestival dêr yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Hy hat ek oersettingen fan harren gedichten makke foar literêr tydskrift de Moanne. Ek fine wy in oersetting fan in fers fan Jean-Rémy Gandon yn dizze bondel, op side 24 fan it part ‘Hoe’t geheimen reizgje’. En der is in sitaat by fan sjonger Mark Kozelek, oer him letter mear.

 

Ik haw alle gedichten ynearsten yn ien kear efterinoar oan lêzen en dêrnei noch ôfsûnderlik fan inoar, om se stik foar stik better te ‘priuwen’ en op my ynwurkje te litten.
Dat is ek wol nedich, want de dichter brûkt yn dizze bondel in ferskaat oan stylfoarmen en oars falle je fan it iene yn it oare. Sa binne der gedichten mei koarte sinnen en alliteraasje (spuitsje spit spat, wytsingwrakken, wilewaarljend, skelnammen skûlnammen, it ferdreamde ferline), mar ek lange, ferheljende fersen en guon dy’t hast as lietteksten oandogge, lykas Evangeline. It oerstiigjend tema fan alles is ljocht en it kontrast tusken ljocht en tsjuster en dat makket it dochs ta ien gehiel. Nei alles in pear kear oerlêzen te hawwen, wurdearre ik de bondel hieltyd mear. Je helje der op de ien of oare manear geandewei mear út.

It tema komt moai werom yn it omslach, dat is swart en we sjogge it antlit fan in man dat fan ien kant beljochte wurdt troch in skynwerper. Wa’t it is? It liket wat op Elvis (it hier) of sjonger Chris Isaak, in blik op ynternet learde my al dat it de dichter sels net is. Nei it lêzen fan de bondel tink ik dat it Mark Kozelek wêze moat, de sjonger dy’t yn it lêste fers beskreaun wurdt. Dêryn beskriuwt de dichter it bywenjen fan in optreden fan Kozelek. Kozelek stiet wat songteksten oanbelanget ek bekend om syn ferheljende styl en dy styl hantearret Hut ek yn it fers oer him.
Hoe dan ek, de bondel hat in stylfol omkaft en is kreas foarmjûn, it byld fan it omkaft komt yn de bondel werom, op grize siden mei wite tekst, en skiedt de ferskillende dielen fan de dichtbondel.

Der wurdt op ferskate manearen referearre oan it tema ljocht, lykas ek al op de efterflap fermeld stiet, mar bygelyks ek yn it wyt tusken de rigels, in oranje ljochtjas, in notysjeboekje giel fan de allesfrettende sinne, de ljochten fan in cruiseskip, it skitterjen fan sulver ensfh. It kontrast tusken ljocht en tsjuster komt al ta utering yn de titel, de fjoertoer as beaken fan ljocht dy’t rûnom te sjen is, it wâld dêr’t it tsjuster is en it sicht beheind, mar ek de measte fersen, tink allinne mar oan it wurk fan skilder Caravaggio (Midsimmer moardzjen). Ek brûkt de skriuwer in tal nij betochte wurden: italjingelsk, iisfrânsk, spirabysk, flewieledompel, hoarizonhûnen, dy’t út de kontekst fan it fers wol dúdlik wurde.

Hoewol’t ik it iene fers krekt wat mear wurdearje kin as it oare, mar dat is ek in kwestje fan persoanlike foarkar, fyn ik it oer it algemien in tige slagge bondel, in oanwinst foar de Fryske poëzij. Minpuntsjes binne der hast net, al hie miskien by it fers en de sitaten fan de bûtenlânske dichters wat mear kontekst kinnen, it wurd ‘Inhoud’ boppe de ynhâldsopjefte hie fansels ‘Ynhâld’ wêze moatten, en hoewol’t it omkaft stylfol is en alhiel passet by de ynhâld, hat de swarte kleur as neidiel dat elke fingertaast derop te sjen is. Myn eksimplaar sjocht der dan yntusken ek ridlik ‘oantaast’ út… mar oan de oare kant kin de dichter dêr allinne mar bliid mei wêze, tinkt my.

Jantsje Heeringa

Fjoertoer yn it wâld is foar € 17,50 hjir online te bestellen.

Jantsje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.