
Resinsje Pippi Langkous troch Annika
Op in dei kaam der in famke te wenjen yn it ferlitten hûs neist Tommy en Annika: Pippi Langkous hjitte se. Se hie gjin mem mear en har heit wie seekapitein, mar dy hie in ûngelok hân. Doe hie se besletten om yn it hûs te wenjen dat har heit jierren lyn kocht hie: Filla Keakelbûnt.
Dochs wie se net hielendal allinne: Mynhear Nilsson kaam ek mei, en in grutte tas mei gouden munten. Dêrfan kocht se har eigen hynder, dy mocht op ‘e feranda wenje.
Al gau rekken Tommy en Annika befreone mei Pippi. Wat saai oft harren libben earst wie, wat spannend wie it libben mei Pippi. Se waard bygelyks altyd efternei sitten troch boeven, dy’t har goudstikken stelle woenen, mar Pippi wie altyd te tûk foar se. Ek hie Pippi nuvere gewoanten, lykas efterút rinne of koekjes bakke op ‘e grûn. Dêrneist wie Pippi ek nochris supersterk: se koe sels in ko optille!
Nei in skoftsje kaam Pippi dochs wer yn kontakt mei har heit, dy’t har frege om mei him mei op see gean. Uteinlik besleat Pippi dat te dwaan en dat se “Súdseeprinses” wurde soe. Tommy en Annika fûnen dat wol spitich. Doe’t Pippi oan board stapte en seach hoe entûsjast oft de minsken oer har wienen, sloech de twivel op ‘e nij ta: soe se dan dochs bliuwe?
It boek is geskikt foar bern út de boppebou om sels te lêzen (9+) en foar alle leeftiden om foar te lêzen. Alle haadstikken binne op harsels te brûken foar in Fryske les. Pippi har ferhalen liene har ek goed foar sosjaal-emosjonele foarming. Somtiden docht Pippi dingen dy’t hiel gek binne. It kin moai wêze om mei bern yn petear te gean oer de aksjes fan Pippi: wat fine se derfan? Trochdat Pippi sels in bern is, is it foar bern makliker om harren yn har situaasje te ferpleatsen.
Martsje de Jong hat dit boek oersetten yn it Frysk op in foar bern tagonklike manier: der sitte net folle drege wurden yn, it lêst maklik fuort. It is in moai berneboek: alles is mooglik, der sitte in soad grappige dingen yn en tagelyk lit Pippi bern neitinke oer serieuze ûnderwerpen, bygelyks as it oer har heit of mem giet. It makket it boek tiidleas en fernimst net dat it al jierren lyn troch Astrid Lindgren skreaun is.
Annika van der Zee út Bûtenpost, studinte Akademyske Pabû
-> Annika is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

De resinsje fan Liesbeth: Pippi Langkous
Pippi Langkous yn it Frysk, dat liket ús aardich. Us Fenna (fan 10 jier) is hielendal entûsjast as ik freegje oft se dit boek ek mei my lêze wol. De earste dagen lêze we it boek tegearre, mar al gau docht bliken dat Fenna sels (stikem) oan it lêzen is en al fierder yn it boek is as wêr’t we de foarige deis bleaun wiene…

Pippi Langkous yn it Frysk
Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ‘e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren.