11-Stedenkoorts: Fries voor schaatsenrijders is in lyts kadoboekje oer – de namme jout it al wei – de Alvestêdetocht. It twatalige taalgidske stiet grôtfol útdrukkingen dy’t mei reedriden en de Alvestêdetocht te krijen hawwe, mei de Nederlânske oersetting derby.
Tink dy ris yn. Dat nei 24 jier it iis einlings wer ris goed genôch is foar in Alvestêdetocht. Yn it hiele lân brekt de Alvestêdekoarts út. Neist it firus dat ús al hast in jier lang yn ’e hûs hâldt. Alvestêdekoarts en Covid-19: dat giet mei gjin mooglikheid tegearre. It kin net! Ik hoopje mar dat er dit jier gjin ridersiis komt fan fyftjin sintimeter oer 200 kilometer.
Dochs is der mei dit boekje al in bytsje Alvestêdekoarts te krijen, of fuort te jaan. De tekeningen fan Geert Gratama, bekend fan ‘Mijn vrouw is uitgenaaid’ binne hiel aardich en jouwe de Fryske útdrukkingen hiel letterlik wer. Troch it boekje hinne wurdt yn it Nederlânsk ynformaasje jûn: oer de dikte fan it iis dat nedich is (15 sintimeter), de earste offisjele tocht, de hel fan ’63 en fansels oer de rûte.
Fierder in soad prachtige Fryske wurden – knoffelje is myn favoryt. Guon wurden binne ek bûten Fryslân wol bekend, lykas klunen, It kin net, en Oant sjen. Oaren binne nij, ek foar my. Al dy ferskate soarten iis dy’t foar it gemak mar as ‘IJs in veel soorten en smaken’ oerset wurde, lykas jarre-iis, peardiis, boadskippersiis? It seit my neat en ek de tekening fan in frou dy’t begjinne sil oan in iisko mei santjin boltsjes helpt mei net fierder. Lokkich wurdt waarme-fuotte-iis fierderop foar my oerset. Ribbelijs. Neffens my wurde de fuotten der net waarm fan, beroerd riden liket it my wol ta.
Dit boekje is aardich om fuort te jaan wannear’t jo bygelyks nije buorlju of in kollega krije fan bûten Fryslân. Al soe ik it dan wol yn in kadopakketsje stopje, tegearre mei in Fryske dúmkes en in stikje tsiis. Oars jout it miskien wat suterich, want it boekje hat wat in sloppe kaft. Sa is it letterlik gau kapot te lêzen.
Al mei al in grappich kadoboekje. Aardich om wat trochhinne te bledderjen en werom te tinken oan bettere tiden, doe’t it iis noch âlderwetsk kâld wie en elkenien noch sûn. En foar no: de kop derfoar! Kommend jier sil it grif heve.
Irene Klompmaker, It Hearrenfean
It boekje ‘11 stedenkoorts!’ is foar € 4,95 hjir online te bestellen.
-> Irene is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.