Zoek op inhoud

De Tomke-massaazjekaartsjes: in moai momint om yn ‘e rêst te kommen

De Tomke-massaazjekaartsjes brûke wy al in skoftke. Fanôf dat Rymer in jier as 3 wie, diene wy sa no en dan mei oan in oerke âlder/bern-yoga. Dat wie foar ús beiden hiel leuk. Rymer genoat altyd it meast fan ’e massaazje. Earst mem by Rymer op ’e rêch en dêrnei oarsom. Us yogajuf Christa makke dêrby ûnder oaren gebrûk fan de Tomke-massaazjekaartsjes.

Se ha der in skoftke út west by de Afûk mar no binne se der wer en wy ha gelyk in setsje oanskaft, en no mei ik der wat oer skriuwe en ha ik ek noch in setsje dat we brûke kinne op skoalle. Hiel fijn.

Yn it setsje sitte 30 kaartsjes mei alderhande ûnderwerpen, sommige passend by de tiid fan it jier bygelyks: de sniepop, hjerst, de krystbeam en it strân. Der binne kaartsjes oer bisten, de kapper, autowaskjen en iten klearmeitsje; sa is it hiel leuk om sop te meitsjen op de rêch fan dyn bern of oarsom.

Earst wetter yn ’e panne (strike), dêrnei griente snije (seagje), gehakbaltsjes deryn (rûntsjes mei de tommen meitsje), riere yn ’e panne (sirkels meitsje) en dan as it sop hyt is sêft blaze. Prachtich fine se dat. As it sop klear is, kinst ek noch kieze foar pankoeken en pizza bakke of in stik bôle smarre.

De oefeningen fan de clown en yndiaan dochst op it gesicht, en dy fan it toskepoetsersguod op ’e earm.

Bern witte troch de fleurige ôfbyldingen fan Tomke al gau wat der op de kaartsjes stiet en kinne se dêrtroch hiel goed sels útsykje.

 Wy dogge it wol gauris foar it sliepen gean, de bern kieze dan in stik as trije kaartsjes út en sa massearje we elkoar, sittend yn in treintsje. In moaie ôfsluter fan de dei en in moai momint om yn ’e rêst te kommen.

Ek brûk ik de kaartsjes op myn wurk yn groep 2 fan ’e basisskoalle. Moaie oefeningen om de bern fertroud mei elkoar te meitsjen en de ferbining mei elkoar te sykjen.

Foar wa’t tinkt: hoe doch ik dat dan? Yn it setsje sit in gebrûksoanwizing, mei dêryn beskreaun hoe’t je de kaartsjes brûke, de foardielen fan massearen en in oersicht fan de massaazjegrepen.

Ek sit der ien kaartsje by mei dêrop it begjin en de ein fan de massaazje beskreaun. Bygelyks dat je earst efkes de hannen waarm meitsje en dy op ’e skouders fan de ûntfanger lizze. Op skoalle freegje de bern dan ek altyd oan elkoar: “Mei ik dy masseare?” en as de massaazje ôfrûn is, slute je wer ôf mei de hannen op ’e skouders en sizze we: “Bedankt foar it massearen.” 

Amanda Binnema

 

Socht: foarlêsfoto’s!

Resinsje Boer Boaris troch Fardau de Boer

De ynhâld fan it boek ‘Boer Boaris’ hat alles te krijen mei syn buorkerij.
Boer Boaris nimt de pjutten mei yn wat er allegear op ’e buorkerij hat. Der komme yn ’e rin fan it boek hieltyd mear dingen by.

Tomke Massaazjekaartsjes

Dizze Tomke-massaazjekaartsjes kinst thús brûke, mar ek op skoalle, by de berneopfang en op pjutteboartersplakken.
Massearje is in hiele aardige manier om rêst, ferbûnens en feilichheid yn dyn groepen dyn gesin te kreëarjen.
Boppedat hat ûndersyk útwiisd dat bern dy’t leafdefol oanrekke wurde, better sliepe en leare, dat se har eigen grinzen en dy fan oaren better respektearje en har better bewust binne fan harren eigen liif.