Zoek op inhoud

Sa prate wy thús: Rixt en Erik

Yn Eelde (Drinte) wenje Rixt van der Weide (28) en Erik Groeneveld (29) mei harren soan Daan, dy’t yn febrewaris 2 jier wurdt. Se ferwachtsje yn maaie wer in berntsje. Rixt en Erik ha inoar moete yn harren studintetiid yn Grins. Hoewol’t se allebeide út Fryslân komme, is Erik Nederlânsktalich grutbrocht en Rixt Frysk.

Rixt: ‘Ik ha altyd tocht dat ik Frysk prate soe mei myn bern, mar wylst ik swanger wie twivele ik ynienen. Wy prate Nederlânsk mei-inoar, dus ik tocht dat ik myn soan hjir hielendal net Frysktalich opfiede kinne soe. Mar úteinlik fielde it hiel natuerlik om ús bern twatalich op te fieden.’ En sa wurdt Rixt yn maaie foar de twadde kear ‘mem’ en Erik wurdt foar de twadde keer ‘papa’.

Daan praat op de berne-opfang wol gewoan Nederlânsk, foarsafier’t er prate kin. ‘Dêr bin ik dan wol gewoan “mama”, en dat is no in ferminging wurden mei it Frysk: “memma”. Erik wol him no ek noch “memmy” oanleare’, fertelt Rixt. De wurdsjes dy’t Daan no it measte brûkt, binne wurden dy’t yn beide talen itselde binne: poes, auto en (at de auto botst:) boem.

Sa no en dan wie it foar Rixt wol wat ûnwennich om yn Drinte Frysk te praten mei har soan. ‘Minsken sjogge my wolris frjemd oan, mar dat ynteressearret my no neat mear. Dit is hoe’t ik Daan opfiede wol.’ Ek Daan syn pake en beppe prate Frysk mei him. Rixt en Erik prate ûnderling noch gewoan Nederlânsk. At Daan no wat yn it Nederlânsk seit tsjin Rixt, lit se witte dat se him begrypt en fertelt se him it Fryske wurd ek.

Ek doe’t Daan jonger wie, brabbele er al in hiele protte, sa fertelt Erik. ‘Ik denk dat hij sowieso al een redelijk goede spraakontwikkeling en grote woordenschat heeft.’ De lêste wiken is Daan o sa fan it boekjes lêzen. ‘Ik merk wol dat er in soad mei taal en wurden dwaande is’, seit Rixt. De boekjes wurde dan troch Erik yn it Nederlânsk foarlêzen en troch Rixt yn it Frysk.

Der binne ek wurden dy’t Daan no al twatalich brûkt, sa as ‘bôle’. ‘By my hat er it echt oer bôle en,’ rjochtet Rixt har ta Erik: ‘tegen jou zei hij afgelopen week “broodje”.’ Erik follet oan: ‘Ja, en ook het woord muis gebruikt hij zowel in het Fries als in het Nederlands. Maar of hij dat nu bewust doet of denkt dat hij het over andere dingen heeft, dat is wel lastig om te bepalen. Weet hij dan wat hij zegt, of zegt hij het omdat wij het zeggen?’

Alders dy’t twivelje oft se harren bern twatalich opfiede wolle, wol Rixt de ried meijaan om it gewoan te dwaan. ‘Hoewol’t sommige minsken je soms wat raar oansjen kinne, akseptearje oaren it wol hiel gau. Foaral at se snappe dat je ek prima Nederlânsk prate kinne. Ik soe sizze: probearje it gewoan. En fiele je je der écht net goed by, dan kinne je it ek sa wer oanpasse. Dus folgje dyn gefoel. By ús is it hiel natuerlik gien en we sille it ek by it berntsje dat op komst is wer sa dwaan.’

Tekst: Binnita Poelman
Foto: Hippe Kieke Fotografie

In Fries om utens: Karla van der Ploeg Habel

Namme: Karla van der Ploeg Habel
Wennet yn: Ulm, Montana, USA
Mei: Cody, Edward (5 jier) en Elaina (3 jier) Habel

Sa prate wy thús: Femke en Marcelo

Femke en Marcelo wenje sûnt augustus 2023 mei harren beide soantsjes Keano en Milo yn Dronryp. Dêr wurde ferskillende talen praat: Nederlânsk en Ingelsk as fiertaal, mar ek Spaansk en Frysk!

Femke Guldemond (32)
Marcelo Cardoso (34)  
Keano (5) en Milo (2)

Sa prate wy thús: Rixt en Erik

Yn Eelde (Drinte) wenje Rixt van der Weide (28) en Erik Groeneveld (29) mei harren soan Daan, dy’t yn febrewaris 2 jier wurdt. Se ferwachtsje yn maaie wer in berntsje. Rixt en Erik ha inoar moete yn harren studintetiid yn Grins. Hoewol’t se allebeide út Fryslân komme, is Erik Nederlânsktalich grutbrocht en Rixt Frysk.

Sa prate wy thús: René en Jolanda

René en Jolanda Zeldenrust wenje yn It Hearrenfean, binne fan Frysk komôf, mar prate Hollânsk mei elkoar. Mei harren trije bern prate se wol Frysk. Dy hawwe ek Fryske nammen: it famke fan fjouwer jier hjit Simmer, har broerke fan trije Stoarm en de namme fan it jongste jonkje, fan ien jier, is Moanne.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #11

De Lytse heit&mem is spesjaal makke foar it Taalkado. Yn dit nûmer giet it oer sliepferskes, boarstfiedingstips, oer hoe ast dyn lytse poppe it bêste fêst hâlde kinst en noch folle mear!

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine