Sa prate wy thús: René en Jolanda
René en Jolanda Zeldenrust wenje yn It Hearrenfean, binne fan Frysk komôf, mar prate Hollânsk mei elkoar. Mei harren trije bern prate se wol Frysk. Dy hawwe ek Fryske nammen: it famke fan fjouwer jier hjit Simmer, har broerke fan trije Stoarm en de namme fan it jongste jonkje, fan ien jier, is Moanne.
‘Dat René en ik Hollânsk mei inoar prate, komt trochdat we ús relaasje begûnen mei chatten en dat gie yn it Hollânsk’, fertelt Jolanda. ‘Dat is sa bleaun.’
‘En Jolanda praat ek altiten Hollânsk, dat is se wend’, seit René. ‘Dêr wol ik net oankomme. It is har memmetaal.’
Memmetaal
Jolanda laket: ‘Ja, Hollânsk fielt as myn memmetaal. Ek al praat myn mem Frysk. Sy is gelyk in echte diepfries. Heit wat minder, mar ik kin dochs sizze dat ik Frysk grutbrocht bin. Miskien bin ik Hollânsk begûn te praten trochdat we yn It Hearrenfean wennen. Hjir wurdt in soad Hollânsk praten. Gjinien fan myn freondinnen praat Frysk.’
René is hielendal Frysk grutbrocht. Mar op syn achttjinde ferhuze hy nei Zwolle. Dêr wenne hy tsien jier. Doe twa jier yn Utrecht en dêrnei wer yn Koudum, syn berteplak. Doe sakke it gefoel yn dat hy in echte Fries wie en besleat er yn Fryslân te bliuwen.
‘Doe’t se swanger wie, begûn ik as fansels Frysk tsjin har búk te praten’
Mar doe’t René kunde oan Jolanda krige, praten se dus Hollânsk mei elkoar.
‘Mar by de swangerskip begûn ik as fansels Frysk tsjin har búk te praten’, fertelt hy. ‘Dat fielde natuerlik. Boppedat giet it behâld fan it Frysk my oan it hart.’
‘Ik ha foar myn bern altiten in “mem” west,’ seit Jolanda, ‘noait in “mamma”. Ik soe it raar fine at se dêrmei begûnen. It fielt foar my goed om Frysk mei de bern te praten. Miskien om’t myn mem dat ek mei my die.’
Hollânsk
René en Jolanda soenen it allebeide begrutlik fine at harren bern aansten allinnich noch mar Hollânsk prate soenen. De âldste begjint al hyltiten mear Hollânsk te brûken. Dêrom moedigje se elkenien oan om dochs fral Frysk mei it famke te praten.
‘Ik gean der net foar lizzen wannear’t Simmer letter Hollânsk praat,’ seit René, ‘mar ik soe it moai fine as se it Frysk omearme.’
‘Ik ek,’ knikt Jolanda, ‘want ik bin grutsk op it Frysk, ek al praat ik it meastentiids net.’
Skriuwer: Janna van der Meer
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Tûzen wurden
Dit fleurige printsjewurdboek jout bern fan ferskate leeftiden en folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. Ien grutte detaillearre tekening, ferdield oer twa siden, byldet hieltyd in beskaat tema út.
Sa prate wy thús: René en Jolanda
René en Jolanda Zeldenrust wenje yn It Hearrenfean, binne fan Frysk komôf, mar prate Hollânsk mei elkoar. Mei harren trije bern prate se wol Frysk. Dy hawwe ek Fryske nammen: it famke fan fjouwer jier hjit Simmer, har broerke fan trije Stoarm en de namme fan it jongste jonkje, fan ien jier, is Moanne.