In Fries om utens: Karla van der Ploeg Habel
Namme: Karla van der Ploeg Habel
Wennet yn: Ulm, Montana, USA
Mei: Cody, Edward (5 jier) en Elaina (3 jier) Habel
Wêr komst wei en wêr wennest no?
Ik kom oarspronklik út Raerd. Yn 2003 bin ik mei myn famylje nei New Mexico yn de USA ferhuze. Yn 2014 learde ik Cody kennen en sa bin ik hjir bedarre! Cody is opgroeid yn Montana en hat hjir syn bedriuw. Wy wenje no op achttjin oeren riden fan myn âlders yn New Mexico ôf. Soms fyn ik it wol lestich dat wy sa fier fan elkoar ôf wenje, hielendal no’t myn âlders wat âlder wurde. Mar wy belje in soad en útfanhúzje minstens twa kear yn it jier in wike as twa byelkoar. Dat is foar Amerikaanske begripen in soad.
Watfoar taal/talen prate jimme thús?
Cody praat Ingelsk mei de bern. Myn memmetaal is Frysk en dat praat ik ek mei ús bern. Nei’t Edward berne wie, kaam Suzanne op besite, in freondinne út Fryslân. Sy hat my echt holpen om Frysk mei Edward te praten. Ik hie noch net earder stilstien by watfoar taal ik mei Edward prate soe en tink dat it oars út gewoante Ingelsk wurden wie. Mar troch de besite fan Suzanne realisearre ik my dat sa’n lytse poppe echt ‘in skjin laai’ is, dêr’t ik myn eigen taal tsjin prate kin. Dêr bin ik hiel tankber foar.
Hoe belangryk is it Frysk en Fryslân foar dy?
Hiel belangryk! It is myn memmetaal en in stikje fan my dat ik trochjaan kin. De bern pikke beide talen samar op. Beide begripe se it Frysk goed, mar Edward praat noch allinne yn it Ingelsk werom. Elaina kopiearret soms ris in Frysk sintsje. Soms brûkt se wurden fan beide talen trochelkoar en begryp ik har net goed. Sa grappich, want dan wit Edward faak wol wat se bedoelt en werhellet er it yn goed Frysk of Ingelsk. It is soms lestich om Frysk praten te bliuwen as se yn it Ingelsk weromprate. Mar ik wit fan oare twatalige bern dat se de oare taal dochs ek samar ynienen aktyf brûke kinne. Dat soe ik prachtich fine.
Fryske produkten
Op syk nei guod mei de Fryske flagge print derop?