Zoek op inhoud
‘Bij onze kinderopvang werkt een man! Leuk!’
Van de 235 pedagogisch medewerkers bij Sinne kinderopvang zijn er ongeveer tien man, meer dan het landelijk gemiddelde van twee procent, maar nog altijd niet veel. Ouders blijken juist blij te zijn met een stoere man ‘op de groep’.
Ype Roan hat in auto-ymmúnsykte
Op de flier fan in wenkeamer yn in gewoan hûs yn Hurdegaryp boartet in jonkje fan hast twa jier. In moai byld en hiel gewoan, soest sizze. Mar dizze lytse man hat al in hiel soad meimakke. Ype Roan (ropnamme Roan) hat de bloedsykte ITP: Immuun trombocytopenie. Dy auto-ymmúnsykte soarget derfoar dat hy te min bloedplaatsjes hat. Roan hat al in hiel soad bloedtransfúzjes hân en ek al trije kear in bonkemoarchpunksje (beenmergpunctie).
Winkelje sûnder jild om hannen
‘Tachtich euro asjeblyft’, seit de kasjêre by de supermerk as ik de boadskippen ôfrekkenje. Wat in jild, tink ik, mar ik betelje sûnder dat it echt sear docht. Tink dy no ris yn datsto gjin baan hast, krekt skieden bist of mei grutte skulden sitst … Dan wurdt jild útjaan in striid. Heit&mem praat mei de famylje De Bruin út Snits, dielnimmers fan de voedselbank, en mei Ed Comino, bestjoerslid en dielnimmerskoördinator by Voedselbank Sneek.
'Gebaretaal makket de wurdskat grutter, ék yn it Frysk!'
Gebaretaal is net allinnich foar minsken dy’t dôf binne. It kin ek hiel goed brûkt wurde by babys en jonge bern dy’t noch net (goed) prate.
De bernekeamer fan Jula
Jula (4) hat sûnt in pear jier in echte fammekeamer. Rôs, okergiel, hout en reid foarmje in harmonieus gehiel. In keammerke om ta rêst te kommen, seit mem Janneke Roorda, dy’t it hearlik fynt om neist har wurk kreatyf dwaande te wêzen.
De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe
Al biedt de natuer bern mear as genôch om te boartsjen, bern wolle fansels ek graach yn ’e hûs boartersguod hawwe om mei te boartsjen en harren te ûntwikkeljen. Wolst graach wat minder boartersguod yn ’e hûs, mar wolst dyn bern ek net tekoart dwaan? Gean dan ris ûndersteand rychje nei.
Lisa hat it gen foar boarstkanker
Bist jong, sitst noflik yn dyn fel en dreamst fan in gesin. Dan hearst datst sa’n 80 persint kâns hast op it ûntwikkeljen fan boarstkanker. Hoe giest dêrmei om? Wat binne de opsjes as de fraach net sasear is oftst in tumor krigest, mar wannear?
Fuort mei de sobber!
Ik stean op ’t skoalplein te praten mei ien fan de memmen. Har dochterke Aafke fan hast fjouwer jier hat in sobber yn ’e mûle. ‘Do bist dochs logopedist?’ freget mem. ‘Kinst ek wat tips jaan? Oare minsken fersteane ús Aafke hast net en se slist ek.’
De bernekeamer fan Noor
Miriam van der Velde-Hoekstra is gjin ûnbekende fan de heit&mem-redaksje. Doe’t har soan Mads noch in lytse poppe wie, stie syn keammerke yn de Lytse heit&mem. No hat syn suske Noor fan 3 har yntrek dien yn dit moaie keammerke. Mar der is fansels wol hiel wat feroare. Miriam is aktyf op Instagram, dêr’t se geregeld moaie foto’s fan har ynterieur dielt. Op in dei waard se benadere troch ‘Binnenzoet’ en mocht se in moai behankje útsykje. En dêr hat se doe de rest fan de oanklaaiïng fan Noor har keammerke by socht.
Lok en leed: Moniek beviel tijdens de uitvaart van haar vader
Moniek Holtrop-Oostra (32) har heit wie slim siik doe’t se yn ferwachting rekke fan har earste berntsje. Har grutste winsk? Dat har heit de baby noch sjen koe. Dat mocht net sa wêze; de tiid helle har yn. Jilke (no hast 2) waard berne ûnder de útfeart fan har heit.