Zoek op inhoud

De bernekeamer fan Jula

Jula (4) hat sûnt in pear jier in echte fammekeamer. Rôs, okergiel, hout en reid foarmje in harmonieus gehiel. In keammerke om ta rêst te kommen, seit mem Janneke Roorda, dy’t it hearlik fynt om neist har wurk kreatyf dwaande te wêzen.

Janneke: ‘Dit keammerke hat al trije kear in metamorfoaze ûndergien. Jula en har broer Vygo binne in twaling en sliepten hjir earst tegearre. Doe wie it neutraal griis. Al gau kamen wy derachter dat Vygo gjin goede slieper is, wylst Jula wol altyd trochsliept. It wie dus better om se apart sliepe te litten: Jula bleau hjir en Vygo ferhuze nei in oare keamer. Twa jier lyn makken wy hjir in echte fammekeamer fan.

Ynspiraasje helje ik oeral wei: fan ynternet, út tydskriften en winkels. Ik meitsje gjin moodboard, mar de plaatsjes nestelje har yn myn holle. Ik jou der altyd in eigen draai oan om it passend te meitsjen. Dit keammerke is echt Jula: leaf en dochs ek stoer. Dat sjochst bygelyks oan de muorren. Dêr sit skattich behang op mei gouden hertsjes, mar de houten latsjes en de âldrôze fervekleur meitsje it stoer.

Myn útdaging is om in sa fijn mooglike romte te meitsjen foar sa min mooglik jild, it hoecht net allegear nij of djoer. Jula har bêd komt fan Marktplaats en ik ha ek in soad dingen brûkt dy’t wy al hiene, sa as de hingstoel. Dy kocht ik fan it jild fan myn alderearste baantsje, Jula kin dêr lekker yn sitte te lêzen. De houten kiste is in kadootsje fan ús heit. Hy wurke yn de bussebou, grutte ûnderdielen fan bussen waarden yn sokke kisten levere.

Ek it hout achter de kommoade koste hast neat. It is leuk om dêr hieltyd wer oare weardefolle dingen oan op te hingjen. Sa’n boerd skeelt ek gatten yn ’e muorre en dêr wurdt Jula har heit dan wer hiel bliid fan!

Wy fine it belangryk dat Jula rêst fynt op har keammerke. Se hat it soms nedich om har werom te lûken, dêrom stiet it ek net fol mei boartersguod. Moarns betiid boartet se lekker mei har knuffels of mei it servyssetsje. Dat stiet trouwens op in beamstamtaffeltsje dat har beppe makke hat. Wy hawwe sowieso in kreabea-famylje. De oare beppe makke bêdeguod en it kleanrekje kreëarre ik sels fan in biezemstôk en kralen dy’t Jula útsocht.

Dy kleanrekjes ferkeapje ik ek fia Instagram (@by_janneke), superleuk om te dwaan. Kreatyf dwaande wêze jout my rêst. De fervekwasten binne no ek krekt wer opburgen; in kast yn ’e wenkeamer krige in oare kleur. It folgjende projekt stiet trouwens ek alwer op de planning. Us tredde berntsje is ûnderweis, dus ik kin wer los mei in nij keammerke!’

Tekst: Marrit de Schiffart
Foto: Hippe Kiek Fotografie

De bernekeamer fan Noor

Miriam van der Velde-Hoekstra is gjin ûnbekende fan de heit&mem-redaksje. Doe’t har soan Mads noch in lytse poppe wie, stie syn keammerke yn de Lytse heit&mem. No hat syn suske Noor fan 3 har yntrek dien yn dit moaie keammerke. Mar der is fansels wol hiel wat feroare. Miriam is aktyf op Instagram, dêr’t se geregeld moaie foto’s fan har ynterieur dielt. Op in dei waard se benadere troch ‘Binnenzoet’ en mocht se in moai behankje útsykje. En dêr hat se doe de rest fan de oanklaaiïng fan Noor har keammerke by socht.

Byinoar sliepe yn it famyljebêd

De minske is eins it iennige sûchdier dat syn bern yn in oare keamer sliepe lit. Der binne lykwols hieltyd mear âlders dy’t de kar meitsje om wer byelkoar te sliepen. Op ús Facebook-berjocht mei de fraach wa’t thús in famyljebêd hat, krige heit&mem hast twahûndert reaksjes! Fan: “Ben je gek? Dan doe ik geen oog dicht!”, oant: “Wij koese lekker byelkoar!”

Fryske berneposters

Heit&Mem hat in protte moaie kaarten en posters yn de kolleksje

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer lytse ûndernimmers, oer heech gefoelige bern, poëzy, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine