Zoek op inhoud

Bist jong, sitst noflik yn dyn fel en dreamst fan in gesin. Dan hearst datst sa’n 80 persint kâns hast op it ûntwikkeljen fan boarstkanker. Hoe giest dêrmei om? Wat binne de opsjes as de fraach net sasear is oftst in tumor krigest, mar wannear?

Lisa Hiemstra (33) út De Pein wie 18 doe’t bliken die dat in mutaasje fan it gen BReast CAncer 1 yn har famylje foarkomt. Normaal stoppet dat gen de ûntwikkeling fan kanker, mar as it troch mutaasje útskeakele wurdt, kinne tumors har ûntwikkelje, yn ’e boarsten en (op lettere leeftiid) yn ’e aaistokken.

Ik woe der alles oan dwaan om sûn de takomst yn te kinnen’

Lisa seit: ‘Ik hie gjin idee dat dat spile yn myn famylje, oant myn pake op stjerren lei. Hy fertelde doe dat in protte famyljeleden stoarn wiene oan boarstkanker. Fansels net yn ’e manlike line, mar pake frege him ôf oft myn heit en omke miskien dragers fan dy oanlis wêze koenen.

Se waarden doe ûndersocht en yndie, it wie sa. As no bliken die dat myn suster en ik it gen ek hienen, wie de kâns grut dat wy in tige agressive foarm fan boarstkanker krije soenen.

Studintetiid

It risiko om siik te wurden troch it gen begjint fan 25 jier ôf. Oant dy tiid haw ik der dêrom neat mei dien. Ik ha Nederlânsk studearre yn Grins en genoaten fan myn studintetiid. Dochs liet ik it sa no en dan al yn my omgean. Der wie ommers in kâns fan 50 persint dat ik it ferkearde gen hie…

Op myn fiifentweintichste gie ik nei de poliklinyk fan it UMCG om de fraach te besprekken: wol ik it witte, of net? Troch dy petearen waard my dúdlik dat as ik it gen hie, dat net de ein betsjutte. Stel, ik die de test en ik hie it gen, dan wienen der wer karren. En miskien hie ’k it gen wol hielendal net urven.

Drager

Ik die de test en wie drager. Dochs wie ik net hielendal fan ’t hynder. Dat kaam pas doe’t ik fan mysels konkrete stappen nimme moast. Earst begûn in faze fan plannen en it meitsjen fan karren, mei it each op gesin en sûnens. Wat dogge we earst? Hoefolle tiid hawwe wy noch? Wat dat op dy leeftiid gewoanwei in stik natuerliker ferrint.

Ik starte mei in proses fan elke seis moanne in MRI-scan en fysyk ûndersyk. Dat brocht in soad spanning mei. Doe’t ik nei de befalling fan ús soan Lennie yn 2017 nochris de scan ûndergean moast, die bliken dat myn boarstweefsel feroare wie. Miskien kaam dat trochdat ik krekt mem wurden wie, mar alle alarmbellen gongen. En ik fielde dat ik dat net woe, dy eangst en ûnsekerheid. Ik woe der alles oan dwaan om sûn de takomst yn te kinnen.

Yntimiteit

Ik haw gjin boarstfieding jûn. Dat wie te konfrontearjend. Ik tink dat ik doe al ôfskie naam fan myn boarsten. Wy woenen safolle mooglik genietsje fan ús jonge húshâlding. Mar nei in pear moanne kaam it probleem fan de boarstkanker wer op.

Ik haw der in protte oer praat, mei saakkundigen en famylje. Gelokkich is myn man ek in geweldige stipe. Us relaasje is sa sterk en goed! Hy gie altyd mei, nei elke dokter en elk ûndersyk. It feit dat ik dit gen haw, hat ús yntimiteit nea yn ‘e wei stien.

Selsbyld

Hoe tichter ik by in definityf beslút kaam, hoe meer ik begûn te wrakseljen. Wat soe previntive amputaasje mei myn selsbyld en froulikens dwaan? En dêrneist: jo wolle ja sizze tsjin in libben sûnder soargen, mar der bliuwe fragen. Hoe sil ik it belibje? Hoe sil it fiele? Wat as der komplikaasjes komme?

Troch corona wie echt kontakt mei lotgenoaten, sa’t it UMCG normaal organisearret, net mooglik. Ik haw in protte ferhalen en fideo’s op it ynternet opsocht. De reden dat ik yn dit ynterview bin, is dat ik hoopje dat oare froulju stipe fine sille troch myn ferhaal.

Ien persint fan ’e froulju is drager fan it gen. Dat liket net folle, mar as je betinke dat der yn ’e Pein 1700 minsken wenje, dan giet it yn ús doarp al om sa’n acht froulju.

Rekonstruksje

Yn juny 2021 waarden myn boarsten amputearre. De wike dêrfoar gûlde ik oan ien tried wei troch. Ik seach der as in berch tsjinoan, mar wist ek dat ik trochsette soe. Fiif moanne letter waard ik wer operearre, mar dy kear foar rekonstruksje. Doe krige ik in silikoaneproteze. It wie earst fansels allegear pynlik en dreech, mar al mei al soe ik it wer sa dwaan. Ik bin bliid mei it resultaat. Ik haw deselde maat as earder en it liket hast sa’t it wie!

It ienige dêr’t ik wol oan wenne moast, wie dat myn boarsten folslein gefoelleas binne en dat it gefoel dêryn ek net weromkomt. No, in jier letter, merk ik al dat dat ‘gewoaner’ wurdt.

Takomst

No kin ik elk momint berte jaan oan ús twadde bern. It sil ek in jonge wurde. Stel dat hy drager is, dan hoecht er dêr, krekt as syn broer, noch lang net wat mei te dwaan. En de wittenskip giet ek fierder. Boppedat ha ik alle fertrouwen dat as wy dermei omgean kinne, ús bern en miskien letter harren dochter, dat ek kinne.

De takomst laket ús ta!

Skriuwer: Janna van der Meer
Foto’s: Hippe Kiek Fotografie

Lisa: in jier nei de boarstamputaasje

Lisa stie yn de heit&mem fan novimber 2022. Se die dêr har ferhaal oer it boarstkankergen dat sy by har draacht en wat dat mei har docht. Op it momint fan har ynterview wie se yn ferwachting. Se is yntusken befallen fan in prachtich jonkje: Markus. 

Lok en leed: Moniek beviel tijdens de uitvaart van haar vader

Moniek Holtrop-Oostra (32) har heit wie slim siik doe’t se yn ferwachting rekke fan har earste berntsje. Har grutste winsk? Dat har heit de baby noch sjen koe. Dat mocht net sa wêze; de tiid helle har yn. Jilke (no hast 2) waard berne ûnder de útfeart fan har heit.

Molke jaan sûnder boarsten

Wat hie it har prachtich like om har soantsje Rinse (no 8 moanne âld) fuort nei syn berte it boarst te jaan, sa’t se earder ek by dochter Mirthe (9) dien hie. Mar it mocht net sa wêze. Jannie de Haan (39) út Bitgummole moast acht jier lyn har boarsten amputearje litte.

Ype Roan hat in auto-ymmúnsykte

Op de flier fan in wenkeamer yn in gewoan hûs yn Hurdegaryp boartet in jonkje fan hast twa jier. In moai byld en hiel gewoan, soest sizze. Mar dizze lytse man hat al in hiel soad meimakke. Ype Roan (ropnamme Roan) hat de bloedsykte ITP: Immuun trombocytopenie. Dy auto-ymmúnsykte soarget derfoar dat hy te min bloedplaatsjes hat. Roan hat al in hiel soad bloedtransfúzjes hân en ek al trije kear in bonkemoarchpunksje (beenmergpunctie).

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2022 #2
Bekijk magazine