Zoek op inhoud

Moniek Holtrop-Oostra (32) har heit wie slim siik doe’t se yn ferwachting rekke fan har earste berntsje. Har grutste winsk? Dat har heit de baby noch sjen koe. Dat mocht net sa wêze; de tiid helle har yn. Jilke (no hast 2) waard berne ûnder de útfeart fan har heit.

Fan lok nei leed en werom. Moniek libbe yn in emosjonele achtbaan. Omdat skriuwen helpt, skreau se har ferhaal op. No − hast twa jier nei it ferstjerren fan har heit − wol se it graach diele. ‘Net omdat minsken begrutsjen mei my hawwe moatte, mar omdat ik minsken meijaan wol dat it libben draait om leafhawwen, om famylje en freonen. En dat it belangriker is om ús gefoel te folgjen as ús drokke aginda’s.’ Yn maart 2017 wurdt by har heit maachkanker konstatearre. Yn earste ynstânsje is de diagnoaze hoopfol, mar letter docht bliken dat it dochs net goed is. Syn libben sil net lang mear duorje, al soe gemo it noch wol ferlingje kinne.   

De eerste maanden na de constatering zijn vreselijk. Ik voel me radeloos en weet niet waar ik me aan vast kan houden, wil zo graag een sprankje hoop hebben. Ik ga m’n vader verliezen. Steeds als ik me dat besef mis ik mijn moeder. Gek hè?

Moniek har heit hat noch trije winsken: syn 35-jierrige houliksjubileum fiere, in freon foar Moniek har jongere suske én in tredde pakesizzer (it earste bern fan Moniek en har man). De earste winsk komt út: mei de hiele húshâlding geane se in wykein fuort om it houliksjubileum te fieren. Nei dat wykein ynformearret har heit by Dútske kliniken nei in fierdere behanneling. Yn Nederlân is er útbehannele, mar dêr kin er noch gemoterapy krije.

De behandelingen slaan aan, mijn vader kan weer eten en krijgt kleur op de wangen. Hij begint weer halve dagen te werken, tuiniert en geniet! Er komt weer rust in ons gezin.

 

Het verleden mag zich niet gaan herhalen,’ zeg ik tegen mijn ouders. Tien weken voordat mijn oudste zus werd geboren, overleed de vader van mijn vader.

 

Ek de twadde winsk komt út. Nei de simmer komt Moniek har suske thús mei in leuke fint, in bliuwer! As Moniek en har man by it krystdiner fertelle dat der ek noch in lytse poppe op komst is, is de famylje superbliid. 1 augustus 2018 is de útrekkene datum. Yn de perioade dêrnei ferdwynt de kanker op ’e achtergrûn. De húshâlding pakt it normale libben wer op. Oant de simmer fan 2018. Wylst Moniek dwaande is mei de babykeamer en skattige kleantsjes keapet, krijt har heit hieltyd mear klachten.

De kanker is agressief en slaat om zich heen. Ik huil tranen met tuiten als ik het hoor. Ik zit in de auto op de oprit van ons huis, net thuis uit m’n werk. ‘Het verleden mag zich niet gaan herhalen,’ zeg ik tegen mijn ouders. Tien weken voordat mijn oudste zus werd geboren, overleed de vader van mijn vader.

As Moniek 36 wiken yn ferwachting is, giet se mei ferlof. Op har lêste wurkdei seit se tsjin kollega’s dat se hopet dat sy earder in bertekaartsje as in roukaart krije. Har heit giet hurd achterút en komt wer yn it sikehûs yn Dútslân telâne. Hy wurdt alle dagen bestriele en komt dan wykeins thús. Der folgje in protte komplikaasjes.

Ik word bang, bang dat mijn vader zijn kleinkind niet zal zien. Allerlei gedachten spoken door mijn hoofd. Ik zie mezelf al met een dikke buik aan zijn kist staan. En wat als ik moet bevallen op de dag dat hij komt te overlijden? Ik spreek met mijn vader af dat hij 1 augustus haalt. Om maar zoveel mogelijk tijd met hem door te brengen, rijd ik een paar keer naar Duitsland. Dat is een autorit van 3 uur die me als hoogzwangere niet gemakkelijk afgaat.

 

Ik hoor dingen van m’n vader die ik niet wist en werk aan een mooi boekwerk voor zijn toekomstige kleinkind.

 

As Moniek har heit yn it tredde wykein fan july thúskomt, wachtet se him krekt lykas oars thús op. As se de sneins wer by him komt, giet it striemin. Hy hat in soad pine. Sa’n soad dat er ophelle wurdt mei de ambulânse. Omdat er te swak is om nei syn eigen Dútske sikehûs brocht te wurden, bringe se him nei It Hearrenfean. Pinebestriding en kwaliteit fan libjen, dêr draait it no om. 

Mijn nachtmerrie wordt realiteit. Ik besef dat m’n vader snel dood zal gaan. Paniek! Ik koop het boekje ‘Opa vertelt’. De vragen die daarin staan halen ons even uit de ellendige realiteit en nemen ons mee naar gelukkiger tijden. Ik hoor dingen van m’n vader die ik niet wist en werk aan een mooi boekwerk voor zijn toekomstige kleinkind.

Noch tsien dagen oant de útrekkene datum. Moniek sjocht de minsken yn it sikehûs nei har laitsjen as se binnenkomt. Mar se rint net nei de ôfdieling gynekology, mar nei de maach- en termôfdieling.

 

Elke keer als ik de kamer van m’n vader binnenkom, zie ik hem kijken. Dikke buik. Nog geen kleine…

 

By in kontrôle freegje Moniek en har man oan de ferloskundige oft se ynlieden wurde kin. Se is no 39 wiken hinne. Dat is mooglik: tongersdeitemiddei sil se opnommen wurde yn itselde sikehûs as har heit.

Ik wil zo graag dat hij onze baby ziet. Ik zie het al voor me: mijn man die me in de rolstoel zijn kamer binnenrijdt en ik die onze baby vasthoud. Dan is het goed, kan ik nog een familiefoto maken en kan hij vredig gaan…

Dy tongersdeitemoarns giet de telefoan. Se moatte komme. As Moniek no ynlieden wurdt, is de kâns grut dat se oan it befallen is as har heit stjert. En dus wol Moniek net befalle. Se wol by har heit wêze. In dei letter stjert har heit yn it sikehûs. De hiele famylje is derby.

 

Foar de wissichheid regelet se dat de seremoanje opnommen wurdt.

 

Moniek har doel ferskoot; se wol goed ôfskied nimme. Meihelpe om de begraffenis te regeljen, de kiste beskilderje en de kondoleânsje en útfeart meimeitsje. Salang moat de lytse poppe yn har búk sitten bliuwe. Foar de wissichheid regelet se dat de seremoanje opnommen wurdt. Mei har sussen betinkt se wat se oer har heit fertelle sille by de tsjinst. De kondoleânsje is op woansdeitejûn en de útfeart op tongersdei. Op dy wize kin Moniek it better folhâlde, is it idee. 

Vraag me niet hoe, maar ik heb vanavond 300 mensen een hand gegeven. Nu thuis op bed kan ik niet slapen. Ik heb buikpijn, maar dat heb ik al een paar dagen. ‘Je hebt weeën,’ zegt mijn man. Natuurlijk niet. Mijn vader wordt morgenochtend gecremeerd en daar moet ik bij zijn.

As de weeën dy nachts om de fiif minuten komme, bellet Moniek har man de ferloskundige. De oare moarns betiid stjoert de ferloskundige har nei it sikehûs.

We stappen in de auto richting het ziekenhuis. Dat ziekenhuis. Tijdens de autorit blijken mijn vliezen te zijn gebroken en eenmaal binnen heb ik volledige ontsluiting. De knop gaat om. Ik ga niet naar de begrafenis van mijn eigen vader. Ik moet ons kind op de wereld zetten. Mijn man belt mijn moeder om te vertellen dat we in het ziekenhuis zijn en afwezig zullen zijn tijdens de uitvaart. Gelukkig belt hij het thuisnummer en neemt mijn zwager op. Mannentaal. Kort, krachtig.

Twa oeren letter mei Moniek begjinne te persen. Om 12.52 oere wurdt har soan Jilke berne. Letter docht bliken dat har heit op ûngefear datselde momint de kremaasje-oven yn skood wurdt. Twa oeren letter bellet Moniek har mem en har sussen om it babynijs te fertellen.

Vanuit het crematorium rijdt mijn familie linea recta naar het ziekenhuis. Tot onze verbazing komen ze vrolijk binnenstappen. Ik denk dat wij de best geklede kraamvisite ooit hebben!

 

Tekst: Marrit de Schiffart 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 1 2020