Zoek op inhoud

Babygedrach by boarstfieding

Troch boarstfieding te jaan folgest it ynstinkt fan dyn berntsje. Ek it liif fan de mem docht automatysk it goede. Dochs wol it soms net of is it gewoan handich om mear te witten. Laktaasjekundige Marije Bosma fertelt oer normaal babygedrach by boarstfieding. ‘Troch sinjalen te herkennen kinst dyn berntsje better helpe.’

Der hat in tiid west dat memmen hast gjin boarstfieding joegen. Yn dy jierren binne wy ús gefoel foar natuerlike sinjalen dy’t babys ôfjouwe as it giet om drinken wat kwytrekke. Tsjintwurdich jouwe memmen wer faker memmemolke. ‘En dat is moai’, fynt Marije, jeugdferpleechkundige by de GGD en laktaasjekundige by Borstvoedingscentrum Memmemolke. ‘It hat in soad pluspunten.’ Los fan dat de molke altyd foarhannen is en dat it goed is foar it hechtsjen fan mem en bern, binne der noch mear foardielen. ‘It alderbelangrykste binne de antystoffen dy’t de poppe binnenkrijt. Ut ûndersyk docht bliken dat bern dy’t memmemolke krije, op lettere leeftiid minder faak te krijen hawwe mei oergewicht, kanker en hert- en iersykten.’ Ek foar de mem sels is it sûn. ‘As je boarstfieding jouwe, binne je flotter op je âlde gewicht en de mem hat minder kâns op limoerhalskanker (NL: baarmoederhalskanker). Myn motto as it om boarstfieding giet is dan ek: meitsje gewoan wat gewoan is.’ In moai motto, mar dan moatst wol witte wat gewoan is.

Natuerlike refleksen

‘In poppe wurdt berne mei natuerlike refleksen. Guon dêrfan binne hielendal rjochte op boarstfieding, sa as de syk- en de sûchrefleks.’ Ast mei de finger oer it wang fan it berntsje aaist, sil it berntsje syn holle nei dyn finger ta draaie, syn mûle iepenje en syn lippen om ’e finger hinne dwaan. Dat is de sykrefleks. Hiel effektyf, want op dyselde wize siket er de tepel. Ast soks witst, kinst dêrop ynspylje troch by it oanlizzen bewust mei dyn tepel lâns it mûltsje te striken. Marije: ‘Ek op ’e holle sitte sykrefleksen, dêrom moatst dyn hân net op ’e holle lizze ûnder it fieden, dat bringt de poppe yn ’e war en soarget derfoar dat er fan it boarst ôf giet.’ Ek de sûchrefleks is rjochte op boarstfieding. Sadree’t in berntsje wat yn ’e mûle fielt, begjint er te sûgjen. Dy sûchrefleks is supersterk, want wy folwoeksenen krije it net foarelkoar om molke út in boarst te sûgjen. ‘Ast witst dat de natuer it sa regele hat, dan is der dochs neat moaier as dat normale babygedrach te folgjen?’

Drinke op fersyk

Behalve syk- en sûchrefleksen hat in poppe noch mear natuerlik drinkgedrach. Sa hat in krekt berne baby in lyts maachje, dêrom drinkt er graach lytse bytsjes. Marije: ‘ Yn de earste dagen giet it mar om in pear mililiter per kear, nei de tredde wike ûngefear 120 oant 150 mililiter per kear. Ta fergeliking: op de pakken keunstfieding yn ’e winkel stiet 180 mililiter…’ Marije is dan ek grut foarstanner fan drinken op fersyk. ‘Ek dêrmei folgest it natuerlike drinkgedrach. Guon âlden fine it lestich dat bern net op fêste tiden drinke of dat se net sjen kinne hoefolle in poppe binnenkrijt, mar bern kinne dat echt hiel goed sels regelje. Ek as se keunstfieding krije. Dus folgje dyn lytske dêr mar yn.’ Hoe’tst witst dat dyn berntsje honger hat? Foardat er begjint te gûlen kinst it al sjen oan subtilere sinjalen: hy smakt, slikket om syn lipkes of draait syn holtsje nei dy ta en siket it boarst. As hy te fier by dy wei is, sil er stiller bliuwe en sok gedrach net fertoane, omdat er fielt dat dat gjin sin hat. ‘It tichtby wêzen, leafst hûd op hûd, is dus hiel belangryk’, fertelt Marije. ‘As in poppe by dy yn ’e buert is, sil er oanjaan wat er wol en komt syn natuerlike babygedrach ta utering. Oan de âlden om dat te folgjen.’

Vijf tips

Geef je borstvoeding en wil je daarbij het natuurlijke gedrag van je baby volgen? Check de tips! Sommige zijn ook toepasbaar bij fles- en/of kunstvoeding.

1. Laat je kleintje drinken op verzoek. Laat je baby bepalen hoeveel en wanneer hij drinkt. Dan volg je zijn natuurlijke behoefte.

2. Clusteren is oké. Wil je kindje ’s avonds vaker drinken dan overdag? Laat dat toe. Als een kind mag clusteren, slaapt hij daarna vaak langer aan één stuk. Clusteren kan ook een uiting zijn van behoeften, bijvoorbeeld lichaamscontact of een rustig sociaal moment met jou.

3. Verwissel niet te snel van borst. Laat één kant zoveel mogelijk leeg drinken. Aan het eind zit de meest vette melk met de meeste voedingsstoffen. Ook hierbij geldt: volg je kindje, als die de borst loslaat, is het vaak tijd om te wisselen. Eén borst per keer mag ook, of de tweede borst als toetje. De volgende keer doe je het andersom om de productie van beide borsten op gang te houden.

4. Gooi de klok zoveel mogelijk aan de kant. Het is het mooist als borstvoeding voor moeder en baby ontspannend is. Bij de een duurt een voeding tien minuten, bij de ander dertig minuten. Alles is goed, zolang er maar geen druk op zit. Jouw toeschietreflex ontstaat namelijk door het hormoon oxytocine dat vrijkomt door ontspanning of aanraking.

5. Pijn is niet oké. Borstvoeding mag geen pijn doen. Het kan zijn dat het begin van een voeding gevoelig is vanwege de toeschietreflex. Dan stroomt er veel melk tegelijkertijd door kleine kanaaltjes, maar dat moet na twintig tellen wel voorbij zijn.

Tekst: Marrit de Schiffart

Dyn berntsje it boarst jaan mei noait sear dwaan

Hast 70 prosint fan de memmen yn Nederlân jout de poppe nei de befalling it boarst, mar dat giet net altiten fansels. It berntsje hapt soms net goed of de mem hat pine troch it fieden. ‘Faak tinke minsken dat dy pine derby heart,’ fertelt laktaasjekundige Marije Bosma fan Borstvoedingscentrum Memmemolke, ‘mar dat is echt net sa.’

Natuerlike kreamsoarch: mei leafde en waarmte

‘It binne lytse middeltsjes, hiel ienfâldich, lykas in wollen mûtske of kamille-oalje. Dat kin safolle rêst bringe. Ik fyn dat hielendal net geitewollensokkerich, want ik sjoch alle kearen wer dat it gewoan wurket.’ Oan it wurd is Renée, selsstannich kreamheinster út Drachten. Sy is oant no ta de iennichste kreamheinster yn Fryslân dy’t sertifisearre “Natuurlijke Kraamzorg” oanbiedt, as oanfolling op de gewoane kreamsoarch.

‘Gebaretaal makket de wurdskat grutter, ék yn it Frysk!’

Gebaretaal is net allinnich foar minsken dy’t dôf binne. It kin ek hiel goed brûkt wurde by babys en jonge bern dy’t noch net (goed) prate.

Fuort mei de sobber!

Ik stean op ’t skoalplein te praten mei ien fan de memmen. Har dochterke Aafke fan hast fjouwer jier hat in sobber yn ’e mûle. ‘Do bist dochs logopedist?’ freget mem. ‘Kinst ek wat tips jaan? Oare minsken fersteane ús Aafke hast net en se slist ek.’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #11

De Lytse heit&mem is spesjaal makke foar it Taalkado. Yn dit nûmer giet it oer sliepferskes, boarstfiedingstips, oer hoe ast dyn lytse poppe it bêste fêst hâlde kinst en noch folle mear!

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine