Zoek op inhoud

Bern fan Fryslân – Dustin


Sûnt Dustin as jonkje fan in jier as 7 in filmke op YouTube beseach wêryn’t de saksofoan bespile waard, wie hy wis: ‘dat wol ik ek’. Doe’t hy dy kâns in pear jier letter krige, is er net mear ophâlden. De ‘saks’ is syn grutte passy.


‘Na dat eerste filmpje heb ik nog heel veel andere beluisterd. Toen wij op school met de muziekjuf verschillende muziekinstrumenten mochten uitproberen, werd dat voor mij natuurlijk de sax. Ik kon er niet zoveel van, maar ik vond het wél leuk. Uiteindelijk mocht ik op les. Ik speel de altsaxofoon, maar wil later de baritonsax kopen, dat is mijn droomsaxofoon. Daar mocht ik ook al een keer mee optreden. Ik heb elke maand wel een optreden, met de saxkids, maar die keer vond ik de leukste! En een keer mocht mijn moeder meedoen, op de piano. Ik vind het niet meer spannend, maar de eerste keer dat ik een solo had, vond ik dat wel!’ Dustin is oan it sparjen om sels in saksofoan keapje te kinnen. ‘Daarvoor ga ik optreden op straat. De laatste keer dat ik dat deed, had ik in vijf minuten al 11 euro binnen!’

Het leukste om te spelen vind ik Tequila, dat is heel beroemd.

De muzikaliteit sit yn de famylje. Syn mem siet eartiids op pianoles, heit spile drums, beppe akkordeon en pake tuba. It is dúdlik dat Dustin wol hiel muzikaal is. ‘Wanneer ze mij een muziekinstrument geven, kan ik het na een paar uurtjes al spelen. Ik kan nu piano spelen, mondharmonica, accordeon, nog een waarvan ik de naam niet meer weet en natuurlijk de sax. Ook zou ik graag de basklarinet willen bespelen.’ Dustin oefenet elke dei. Omdat it moat, mar benammen om’t hy it sa graach docht. ‘Ik heb iedere vrijdag les en dan krijg ik huiswerk. Ik mag ook zelf liedjes kiezen. Het leukste om te spelen vind ik Tequila, dat is heel beroemd. Mijn droom is een bandje op te richten met mijn vrienden. Die spelen drums, bas en trompet. Met dat bandje zou ik graag heel beroemd willen worden!’ Dustin hat net allinnich grutte dreamen as it giet om syn muzykkarriêre, mar ek as it giet om it ynstrumint sels. ‘Voor later, als ik groot ben, had ik de contrabas-sax in gedachten. Die zou in mijn huis zo groot zijn als van de vloer tot het plafond.’


Fêste fragen:
– Skoalle: It Pertoer yn Weidum
– Dream: In band mei myn freonen en hiel beroemd wurde
– Lêst lêzen: appke fan mem
– Moaiste boek: De waanzinnige boomhut
– Moaiste film: Leo

Skriuwer: Wytske Bouma
Foto: Hippe Kiek Fotografie

De bern fan Mantgum: Minke

Minke wennet mei har heit, mem en broerke Jitse yn in hûs oan de Mantgumerfeart. Noch eefkes dan, want se sille ynkoarten in healjier op ’e camping yn Koudum wenje. Gewoan, om’t it sa’n moai aventoer is. Minke hat der no al sin oan om hiel faak fan de grutte glydsbaan te gean. Se hat in leuk libben, fynt se sels. In drok libben ek, mei in soad hobbys en sport. Twa kear yn ’e wike shorttrack, hurddrave, keatse, gitaarspylje… En dan docht se dit jier ek noch mei oan it Berneiepenloftspul.

De bern fan Mantgum: Twirre

Twirre hat krekt har jierdei hân en hat fan alles krigen: klaai, in krasboekje, in abonnemint op it tydskrift fan Freek Vonk. Mar it moaiste is de koffer mei mikroskoop. ‘Wy ha der al in wimper ûnder hân, en in bledsje… Kinst der ek allegear nije dingen mei ûntdekke.’ Dy mikroskoop komt goed fan pas, want Twirre wol letter biolooch wurde. Ek plysje en dûnser trouwens.

jort

De bern fan Mantgum: Jort

Jort wennet mei syn heit, mem en trije grutte broers Jelte, Melle en Djurre op in buorkerij bûten Mantgum. Dêr is altyd in soad te dwaan; mei de knyntsjes boartsje, of mei de jonge poeskes as dy der binne. Jort helpt heit ek wolris op ’e pleats, dan mei er op ’e trekker of op ’e shovel. En as it min waar is, boartet Jort mei syn broers yn ’e garaazje, genôch romte om lekker te rauzen! Mar spultsjedwaan is ek altyd leuk. Uno en Kroko Loko binne Jort syn favoriten. In spultsje winne slagget allinne hast noait, want dat docht grutte broer en spultsjefanaat Melle altyd.

De bern fan Reahûs

Reahûs (Roodhuis) is in lyts doarpke mei in lytse 200 ynwenners. It leit oan de Frjentsjerter Feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân, flak by Snits, Skearnegoutum en Easterein. De skoalle fan Reahûs is it middelpunt fan it doarp en stiet neist de tsjerke, it doarpshûs (It Readhûs), it doarpskafee (Café de Ree) en it sportfjild (de Pôle). Oan de râne fan it doarp leit camping ‘de Finne’, oan de Frjentsjerter Feart. Reahûs hat in bloeiend ferieningslibben dat ’m simmers benammen op it keatsfjild ôfspilet. Op IKC Sint Bonifacius sitte sa’n 45 bern, dy’t net allinne út it doarp Reahûs komme, mar ek út de omkriten.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine