
De bern fan Reahûs
Reahûs (Roodhuis) is in lyts doarpke mei in lytse 200 ynwenners. It leit oan de Frjentsjerter Feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân, flak by Snits, Skearnegoutum en Easterein. De skoalle fan Reahûs is it middelpunt fan it doarp en stiet neist de tsjerke, it doarpshûs (It Readhûs), it doarpskafee (Café de Ree) en it sportfjild (de Pôle). Oan de râne fan it doarp leit camping ‘de Finne’, oan de Frjentsjerter Feart. Reahûs hat in bloeiend ferieningslibben dat ’m simmers benammen op it keatsfjild ôfspilet. Op IKC Sint Bonifacius sitte sa’n 45 bern, dy’t net allinne út it doarp Reahûs komme, mar ek út de omkriten.

Tessa (7 jier)
Lêze: aventoereferhalen lykas ‘Thea Stilton’
Sjen: ‘The Thundermans’ en ‘Junior songfestival’
Dream: dat ik in hiele goede dierenarts wurd en dat ik hiel lang mei myn famylje en freonen libje mei
Tessa wennet mei har heit, mem, broer Rik en broerke Tim yn it midden fan it doarp. Har heit en mem hawwe it doarpskafee en it is dêrom altyd gesellich by Tessa thús. Tessa: ‘Ik fyn it hiel leuk om yn Reahûs te wenjen. Omdat it sa lyts is, hoechst net beslist op de fyts nei skoalle, mar kinst der ek hinne rinne of skeelerje.’ Nei skoalle boartet Tessa graach mei har bêste freondinne Aletta, mei har lytse nichtsjes dy’t oan ’e oare kant fan de dyk wenje, mei har broers of mei oaren. ‘Wy dogge salto’s op de trampoline of boartsje op myn keammerke. Lekker knutselje, mei de Playmobil of mei de Barbies. En op woansdeis doch ik twa sporten op ien dei: earst “Freegym” yn Snits en dêrnei noch keatsen hjir op it fjild.’
Op skoalle fermakket Tessa har ek wol. ‘Wy boartsje faak “superkrachtje”: dan ferslaan wy mei ús superkrachten ûnsichtbere fijannen en kinne we ek nei oare levels. Soms dogge der ek lytse berntsjes mei en dan binne wy de trainers. Ik lear ek in soad op skoalle. Oer de natuer, oer fulkanen of oer Sweden.’ Wat Tessa dan leard hat oer Sweden? Tessa: ‘No, dat der yn 1993 yn Sweden 360.000 minsken wurkleas wiene. En hoe’tst “Ik hjit Tessa” seist yn it Sweedsk. Dat is “Jag heter Tessa”. Wy geane fan ’t simmer nei Sweden op fakânsje, dus dan witte myn freondintsjes dêr moai hoe’t ik hjit.’
As Tessa letter grut is, wol se graach bern krije. ‘Dat liket my hiel leuk, as ik dan frij bin dan ha ik altyd wat te dwaan. Mar ik wol ek bistedokter wurde, dus ik tink net dat ik safolle frij ha. En ás ik dan frij bin, dan wol ik ek wolris even rêst. Dan meie de bern soms ek wol even filmkesjen, sadat ik even op ’e bank sitte kin.’
Tessa wit ynienen noch in foardiel oan it wenjen yn Reahûs: ‘Omdat it sa lyts is, ferjitst net gau wêr’t de skoalle stiet, hoechst nei de fakânsje net te sykjen. Ik kin yn de fakânsje gewoan sa no en dan even sjen wêr’t de skoalle ek alwer is. O ja, dêr!’

Minke (6 jier)
Lêze: ‘Fertelle fan Jelle’
Sjen: ‘De Faker’
Dream: dokter en juf wurde
Tjitte (6 jier)
Lêze: Trekkerboeken en Tomke-boekjes
Sjen: ‘Brandweerman Sam’ en it ‘Jeugdjournaal’
Dream: yn mem har bakkerij wurkje
Minke wennet mei har heit, mem en broers Rein en Ruerd oan ’e râne fan it doarp. Tsjinoer harren wennet buorjonkje Tjitte mei syn heit, mem en sus Brecht. Nei skoaltiid boartsje Tjitte en Minke in soad mei-inoar. Minke: ‘Dan gean we by ús yn ’e hangmatte, of wy boartsje mei Klaas, dat is ús poes. We geane ek faak nei Tjitte op de trampoline, en dan wer nei ús hûs, de hiele tiid hinne en wer.’ Se boartsje ek wolris binnen. Dan kleurje se, of dogge se heit-en-memke. Se hawwe no krekt in hutte boud yn ’e badkeamer.
Op skoalle boartet Tjitte it leafst mei de kraleplanke en de ‘Clics’. Minke lêst graach en kin dat ek al sels, bygelyks út lêsboekjes oer feeën of prinsessen.
Minke moast de ôfrûne jierren faak nei it sikehûs, omdat sy en har âldere broer Rein in seldsume oandwaning oan de longen hawwe (PIBO). Se moatte alle dagen fernevelje en medisinen brûke, en ek geregeld nei it sikehûs yn Grins foar kontrôle. Salang’t se net hoecht te prikken, fynt Minke dat net slim, it blazen fynt se sels hiel leuk. ‘Dan seit de dokter: “Keeeeiiihard doorblaaaazen….!” en dan blaas ik sa hurd as ik kin.’ Gelokkich giet it no nei omstannichheden goed. Minke: ‘By de lêste kontrôle hiene wy de bêste blaasskoare oait, toen krige ik in plaktattoo.’
Tjitte en Minke wenje graach yn Reahûs. Minke: ‘As ik letter grut bin, dan wol ik yn ús hûs wenjen bliuwe. Ik fyn it in moai hûs en ik bin ek bliid mei ús buren.’ Minke is der net wis fan dat dy buorlju dêr letter noch wenje. ‘Mar Tjitte wennet der fêst noch wol, want dy is jonger as my.’ Tjitte wennet ek graach yn Reahûs. Tjitte: ‘Ik fyn it leuk dat der safolle trekkers yn Reahûs binne. En dat ik flak by Minke wenje. Ik fyn Minke sa leaf.’

Wiebe (10 jier)
Lêze: ‘Rik en Jesper’
Sjen: ‘De Boer Op’ en ‘Lachen om Home Video’s’
Dream: grutte hinneboer of melkfeehâlder wurde
Wiebe wennet mei syn heit, mem, suske Fenna en broerkes Reinder en Sake op in pleats krekt bûten it doarp. Wiebe: ‘Ik fyn it hiel leuk om yn Reahûs te wenjen. Ik ha dêr in soad freonen en wy ha in hiel grut sportfjild. Kinst sa nei skoalle rinne, alles is lekker tichtby. Wy ha ek in grut skoalplein, dêr fuotbalje wy altyd.’
Letter wol Wiebe de buorkerij fan syn heit oernimme. Of hy keapet in grutte hinnebuorkerij yn de buert. It leafst wol er de grutste hinneboer fan Fryslân wurde. Hy hat no al njoggen, sels fokt. Mar dêr komme aanst noch mear by, hinnen dy’t alle dagen aaien lizze. ‘Ik ferkeapje altyd aaien oan de minsken út it doarp. Dat kin ik dan noch faker dwaan. Ik fyn hinnen leuk omdatst dêr net in hiel soad oan hoechst te dwaan en se binne net hiel grut. As se pykjes hawwe, dan binne se hielendal leuk.’
Mei skoalle hat Wiebe net safolle. ‘Dêr moatst rekkenje en spelle en taal dwaan ensa. Ik bin leaver gewoan thús of bûten. It leukste oan skoalle fyn ik it bûtenboartsjen. Of spultsjedwaan. As meester jierdei is ofsa dan meie wy soms de hiele dei spultsjedwaan op de laptop. Behalve yn de pauze, dan boartsje wy even bûten.’
Wat Wiebe nei skoalle moai fynt om te dwaan? ‘Mei de hinnen. Of beltsjelelle of oar kattekwea úthelje yn it doarp. Lêsten wie der in man sa boas wurden, hy sei: “Ik wil jullie hier niet meer zien!” Wy giene dêr de oare deis toch wer even hinne, doe stie er om ’e hoeke te wachtsjen. Wy draafden keihurd fuort, mar hy kaam achter ús oan. Hy rôp: “Als jullie hier nog één keer komen dan bel ik jullie ouders!”’ In lytse tip foar minsken yn Reahûs dy’t harren nocht ha fan de beltsjelellers: Wiebe beltsjelelt net by de minsken dy’t aaien by him keapje…
Wolle de bern fan jim doarp/stêd ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail nei ynfo@heitenmem.nl!
Tekst: Hieke Rienstra
Foto: Hippe Kiek Fotografie

De skoaltún
Mei de hannen yn ’e modder.
‘Jonges tinke jim der wol om, Blub kin dêr ek noch lizze’, ropt Welmoed nei har klasgenoatsjes. Dy binne in pear meter fierderop in flinterstrúk oan it plantsjen. De learlingen fan basisskoalle De Stjelp yn Baard binne drok oan it wurk om harren skoaltún klear te meitsjen foar it groeiseizoen.

Bern fan Fryslân: Jolieke
Jolieke docht no twa jier oan acrogym, earst yn har eigen doarp Damwâld en no by Turn- en Gymsport Dokkum, en mocht dit jier sels al nei it NK mei har partner Thirza. Dêr waarden se twadde. Har libben stiet foar in grut diel yn it teken fan har grutte hobby.

Bijbewust libje
It is in ynsekt, it gûnzet, it is giel mei swart en yn de simmer en de maitiid fljocht it fan blom nei blom. It is de bij! Dat ynsekt soarget der al hiel lang foar dat blommen en planten bestood wurde, wêrtroch’t dy blommen en planten, mar ek fruit, groeie kinne. Mar dy bestowers wurde al sûnt in lange tiid bedrige, troch ferskillende faktoaren.