Zoek op inhoud
De resinsje fan Andreja: 'Op it bouplak'
Ja, it boek is der! Fuort pakke wy it boek mei ús trijen út it papier dat deromhinne sit. Jins sjocht mei grutte eagen nei de semintwein op de foarkant fan it boek. Heit blêdet der earst ris flot trochhinne mei Jins op skoat. De earste yndruk is goed. Dan lêst heit de ferhaaltsjes en dat fynt Jins al tige nijsgjirrich, hoe jong oft er ek is. It hiele boek lêze sy yn ien kear út.
Boekresinsje: 'Kening en Kening' troch Jinke Stoker
Diskear mocht ik in berneboek lêze foar it boekpanel. Mei myn dochters Rikst fan 8 jier en Fardau fan 6 jier neist my bin ik entûsjast begûn te lêzen. Fardau sit yn groep 3 en kin krekt in bytsje lêze, mar dat wie noch wol wat lestich. Dêrom hat mem it boek foarlêzen.
De resinsje fan Antje: 'Krûpelhintsjes'
Dit printeboek fan Auck Peanstra mei ferskes en opsisferskes is útjûn yn 2009. It is in echt foarlêsboek foar pjutten en beukers. De titel ‘Krûpelhintsjes’ (in oar wurd foar leavehearsbistkes) docht syn namme ear oan; it krûpelhintsje, dat te finen is op alle yllustraasjes, fljocht fan it iene ferske nei it oare. En sa is it boek ek opboud; kriskras ferskillende (opsis)ferskes mei ferskillende tema’s.