Zoek op inhoud

Boekresinsje: ‘Kening en Kening’ troch Jinke Stoker

Diskear mocht ik in berneboek lêze foar it boekpanel. Mei myn dochters Rikst fan 8 jier en Fardau fan 6 jier neist my bin ik entûsjast begûn te lêzen. Fardau sit yn groep 3 en kin krekt in bytsje lêze, mar dat wie noch wol wat lestich. Dêrom hat mem it boek foarlêzen.

Foaral de ‘kroanpoes’ dy’t hast op elke side foarkomt, falt goed yn de smaak. Op elke side moatte we de poes sykje en sjen wat er docht. Want it ferhaal giet net oer de poes, mar op de achtergrûn hellet er fan alles út. It wie mem earst net iens opfallen, mar de bern sjogge der mei in hiel oar each nei. Dy seagen it fuort!

In moai mearke mei in goed boadskip en moaie yllustraasjes! As wy op de side oankomme dêr’t de kroanprins syn prins moetet, binne de froulju derfan oertsjûge dat er fereale is op de prinses, it suske fan Prins Hearlik. As wy de side omslaan en bliken docht dat er fereale is op de prins, binne se even yn ’e war. Hy socht toch om in prinses? Mar dan moatte se laitsje en Fardau wit wol wat er is: ‘De prins is homo!’ It makket foar de bern gjin ferskil, se binne alwer op syk nei de poes!

Ik tocht sels even: wat leuk, in boek dat dêr oandacht oan jout. Mar dan sjoch ik dat it boek al 20 jier âld is. Ik tink dat dit in wichtich boek is dat helpe kin by de akseptaasje fan homo’s. Ek foar basisskoallen is it nei myn miening in musthave! No’t der nei 20 jier in nije druk is, ha skoallen dy kâns wer! 

Ik soe sizze, gryp dit boek mei beide hannen oan! In moai mearke mei in goed boadskip en moaie yllustraasjes! Ik soe sizze, drave nei de boekhannel foar in eksimplaar, foardat se útferkocht binne!

In humoristysk mearke oer in prins dy’t trouwe moat fan syn mem omdat dy wolris mei pensjoen wol. Der komt in rige prinsessen foarby, mar de prins wurdt der net oars fan, oant der in wûndermoaie prins delkomt…

Boekresinsje: ‘Dat is moai Frysk!’ troch Corrie Kamminga

Dat is moai Frysk! is in alleraardichst boekje oer, fansels, it Frysk. Oan ’e hân fan 8 tema’s wurdst meinaam yn de wrâld fan it Frysk. Sa fynst ferhaaltsjes mei útlis wêrom’t krekt dy spesifike wurden brûkt wurde, lêst blokjes mei útlis oer wurden dy’t in soad opinoar lykje of learst dat Nederlânske wurden dy’t we faak brûke dochs net Frysk binne. It wurd ‘leuk’ is bygelyks sa’n wurd. Aardich om te witten, no? Tink no net dat it boekje dy mei it opstutsen fingerke terjochte stiet te wizen, just net.

Sliepfeest

We hiene it ferline jier al dien, dus ek dizze kear koene we der net oan ûntkomme: de 12e jierdei fan Alant moast fierd wurde mei in sliepfeest.

Boekresinsje ‘Sipke ziet sterretjes – Sipke sjocht stjerkes’ troch Marrit Tjalma

Wat hat dit lúkse Gouden Boekje in moaie foarkant! Je wurde gelyk nijsgjirrich nei it aventoer dat Sipke en syn pake dizze kear belibje sille, want wat docht pake no wer boppe op dy gouden bal, dy’t wol in hiel soad wei hat fan de sinne dy’t yn it Planetarium hinget…

In Fries om utens

Namme: Sytske Sikkema (38 jier)
Wennet yn: Terrassa, Spanje
Mei: Sergio, Jan (3 jier) en Lys (9 moanne)