Zoek op inhoud

Dit printeboek fan Auck Peanstra mei ferskes en opsisferskes is útjûn yn 2009. It is in echt foarlêsboek foar pjutten en beukers. De titel ‘Krûpelhintsjes’ (in oar wurd foar leavehearsbistkes) docht syn namme ear oan; it krûpelhintsje, dat te finen is op alle yllustraasjes, fljocht fan it iene ferske nei it oare. En sa is it boek ek opboud; kriskras ferskillende (opsis)ferskes mei ferskillende tema’s.

De ferskes hawwe allegear in fijn ritme, einrym, en binne foar lytse bern maklik mei te sizzen en te sjongen. Se binne kwa lingte ek presys goed; net te lang en net te koart. Thús binne se fijn foar in foarlêsmomintsje, op skoalle of op it pjutteboartersplak leuk as taalmomint of energizer tuskentroch. Ek liene de ferskes har goed om der bewegings by te meitsjen. De ferskes kinne sawol ‘los’ as by in tema brûkt wurde. De ferskes oer skeetsjes en de ûnderbroekmûtse binne ek gewoan de ûnderbroekelol dy’t by dizze leeftiid passet.

Kinst it boek hiel natuerlik ynsette by de ferskillende leeftiden. Pjutten fine de sykplaatsjes mei it krûpelhintsje leuk en kinne genietsje fan it ferhaaltsje en it ritme. Beukers kinne it ferske mei opsizze en bygelyks de bewegings derby meitsje of oer it ferhaaltsje neiprate. Der binne in protte mooglikheden mei dy ferskes.

Persoanlik krige ik by it ferske ‘Nei beppe ta’ in flashback nei myn eigen bernetiid. It die my bot tinken oan ‘Hop hop hynke’, dat mem altyd foar my song. Itselde waarme gefoel krige ik by ‘Nei beppe ta.’ De yllustraasjes fan Yke Reeder jouwe dat gefoel ek wer. Fleurich, mar der sit ek wat fertrouds yn. Se pasje prachtich by de ferskes.

Al mei al in oanrieder foar sawol thús as op skoalle.

Antje van Schepen

‘Krûpelhintsjes’ is foar € 9,95 hjir online te bestellen.

-> Antje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

De Fryske babyboeken top 5!

Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen. Uit onderzoek blijkt dat kinderen die als baby (vanaf drie maanden) al worden voorgelezen, het later beter doen op school. Al na vijftien maanden zin er positieve effecten op de woordenschat.

Foar altyd yn ús hert

Ien ferlieze docht sear. Fansels wolst, as it in oar oerkomt, dyjinge treaste en moed ynsprekke. Faak stjoere wy in kaartsje. Mar wat setst derop? En wat ast sels ien ferliest? Wat setst yn in advertinsje of op in kaart? It fâlt net altyd ta om de júste wurden te finen. 

Resinsje Do bist de leafste troch Wieke

Wy mochten in resinsje skriuwe foar ‘Do bist de leafste’. Een prachtich boek yn pocketformaat mei ferhalen en gedichten oer alledeiske dingen, sa as de kenmerken fan de seizoenen, it waar, wat der allegear gebeurt by it meielkoar boartsjen, op skoalle of op it wurk.

sipke ope buorkerij

Sa lêze wy: foto oprop!

Hasto in moaie foto fan jim foarlêsritueel mei in Frysk berneboek? Of hast miskien in leuke foto fan dyn bern dy’t in moai Frysk berneboekje lêst?