Zoek op inhoud

Yn it boek op it bouplak steane tekeningen Wolfgang Metzger. In Dútske yllustrator dy’t spesjalisearre is yn it tekenjen fan masines en fleantugen. Hy wie ek de tekener fan it fan Frysktalige boekje Wat rydt dêr? dat earder by de Afûk te krijen wie, mar no spitigernôch útferkocht is. Dit boekje is in slachje grutter fan formaat en hat fansels in protte tekeningen mei allegear soarte masines. Yn dit gefal giet it om frachtweinen, betonautos en oar riidark dy’t nedich binne om huzen te bouwen. Mar net allinnich huzen, ek is te sjen hoe’t in dyk boud wurd. Ek binne der meardere siden yn it boek mei in handige oersjoggen fan masines. Net allinne alles wat riidt mar ek de beroppen dy’t hearre by de bou krije omtinken. Fan de arsjitekt dy’t betinkt hoe’t it hûs of gebou der útsjen moat, oant en mei de leadjitter dy’t de reinpipen oanslút op de daksgoaten. En ek fan it ark dat se brûke is in moai oersjoch. Bern kinne hjir leare hokker soarten hammers as der binne en hokker soarten troffels.

 Op de lêste plaat is in soarte fan stappeplan fan hoe in hûs boud wurd. As it hûs klear is, komt der wer  in oar soarte frachtwein om de húsried te bringen: in ferhúswein. Umzug stiet der noch yn it Dúsk op. Soene dizze misken út Dútslân wei nei Fryslân ferhúzje?  

It giet yn dit boek ek foaral om de tekeningen. De teksten yn it boek binne dêr ûngeskikt oan, en der sit ek net echt in trochgeand ferhaal yn. Dat is by dit soarte boeken meastentiids ek net it gefal. De siferske kat dy’t Metzer op in protte tekeningen weromkomme lit, sit ek op platen yn ‘op it bouplak’. Hy sit te sjen hoe’t de tegelsetster oan it wurk is, en op de earste plaat is er op in steiger klom. 

Us Feike fan hast twa is sljocht op dit soarte boekjes en wit al hiel wat masines en oare dingen te beneamen… 

Leo van der Leij út Gytsjerk

-> Leo is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op it bouplak

Wat bart der op it bouplak?

Yn it nijbouplan wurde allegearre nije huzen boud en yn it sintrum fan de stêd moat in nije parkeargaraazje komme. Der ride grutte masines om foar it swiere wurk, der wurdt mitsele en timmere, elkenien is hurd oan it wurk.
Op de grutte platen kinne ek jonge bern al fan alles ûntdekke en oan ’e hân fan lytse ferhaaltsjes wurdt op in ienfâldige wize útlein hoe’t alles om en ta giet.

Van Eritrea naar Friesland: het indrukwekkende verhaal van Fatma

Van een boerderij in Eritrea naar een nieuw leven in Friesland – met onderweg een levensgevaarlijke bootreis, jarenlange scheiding van haar man, en de angst om haar kind kwijt te raken. Dit is het indrukwekkende en moedige verhaal van Fatma Abdela.

Boekresinsje fan Amanda: ‘It aldermoaiste Trekkerboek’

Us beide jonges binne sljocht op trekkers en alles wat mei trekkers en de buorkerij te krijen hat, dus doe’t frege waard oft immen It aldermoaiste Trekkerboek foarlêze woe, wiene wy daalks entûsjast.

De mannen ha it boek earst sels ris efkes besjoen en alles ûntdutsen wat ûnder de flapkes sit. Jûns ha we it meielkoar lêzen.

Zelf vogelvoer maken met kinderen

Lêstip fan Keimpe septimber: Heity! Help!!

Nij ferskynd by de Afûk: 𝐇𝐞𝐢𝐭𝐲! 𝐇𝐞𝐥𝐩!!
In ferhaal fan Thys Wadman, mei yllustraasjes fan Wim Swart.

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit om te helpen.