Krekt no’t se it by Jens op skoalle oer ‘de romte’ hawwe, komt de fraach oft wy it boek ‘It Himelbouwerke’ fan Arjen Dijkstra lêze wolle en dêr wat oer skriuwe wolle. Natuerlik wol, want alles wat mei planeten te meitsjen hat, fynt Jens (5 jier) geweldich! En lit it ferhaal no krekt gean oer Eise Eisinga, dy’t ek nochris berne is yn ús eigen wenplak!
It boekje is net hiel grut en dik, mar lûkt wol fuort de oandacht troch de moaie tekening op de foarside, dêr’t in man op stiet dy’t nei in stjer rikt. Achterop stiet in ynteressante fraach: ‘Hasto wolris besocht de stjerren oan te reitsjen?’ Jens moast fuort gnize; natuerlik kin dat net! Mar gau it ferhaaltsje lêze, want no binne wy wol hiel benijd!
It is in koart ferhaaltsje oer it libben fan Eise Eisinga, oer dat hy hiel graach tichter by de stjerren wêze wol en se sels oanreitsje wol, mar dat dat noch net sa maklik is.
Nei in hiel soad lêzen en learen oer de planeten en stjerren betocht Eise dat at hy net by de romte komme koe, hy de romte hjir op ierde bringe soe.
En sa bout er mei help fan syn famylje it Planetarium yn syn eigen hûs. Boppe de tafel hie er in plak foar alle stjerren, foar de planeten, foar de sinne, de moanne en ek foar de ierde. En dan kin hy se einlik allegear oanreitsje.
De stân fan de planeten, sa at dat ek yn it Planetarium yn Frjentsjer te sjen is, is ek yn dit boekje dúdlik te sjen.
It is in hiel leuk boekje as tarieding op in besite oan it planetarium, of om samar ris te lêzen. It is prachtich yllustrearre troch Mark Hektor, wêrtroch’t it boekje noch leuker en dúdliker wurdt.
Margriet Smeding-Abma út Dronryp
It boek ‘It himelbouwerke’ is foar € 7,90 hjir online te bestellen.
-> Margriet is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.