‘Jaaa, einliks is it safier!’ It earste berneboek fan komyk Jochem Myjer, dy’t dêrmei yn 2016 de priis fan de Nederlânske Bernesjuery wûn hat, is no ek te lêzen yn it Frysk!!
Neist it fantasyrike en spannende ferhaal steane der ek hiele moaie tekeningen yn, dy’t makke binne troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees.
It boek is foar te lêzen oan bern fan 5 jier ôf en sels te lêzen fan 7 jier ôf.
It boek giet oer Melle, in snoad jonkje mei krollen en supereagen, dy’t midden yn ‘e nacht wekker wurdt fan in frjemd wêzentsje op de râne fan syn bêd. Dat blykt Bobba te wêzen, in Oppasgoargel dy’t nachts oer him de wacht hâldt. Dat is nedich om derfoar te soargjen dat Brutelers, mei harren azem dy’t nei switlucht stjonkt, der net foar soargje kinne dat bern siik wurde.
Der driget gefaar troch de komst fan Grienlânske Brutelers nei ús lân en Melle moat der yn gearwurking mei syn heit, pake en de oare Goargels foar soargje dat dy aaklike wêzens tsjinhâlden wurde. Mar soe dat harren wol slagje…?!
It is in prachtich boek om (foar) te lêzen en it nimt dy mei yn de fantasyrike wrâld fan de skriuwer. Wannear’t je de komyk en heit Jochem Myjer in bytsje kenne, dan fine je in soad fan wat him dwaande hâldt werom yn dit boek. Dêrom is it foar folwoeksenen stikem ek wol hiel leuk om út dit boek foar te lêzen.
De sinnen binne maklik te lêzen en je leare sels ek noch it ien en oar oer de natoer.
De tekeningen fan Rick de Haas meitsje it boek lekker boartlik en kleurryk, wêrtroch’t de bern in goed byld krije fan it ferhaal en harren fantasy dêrop loslitte kinne.
Myn soan Hidde (4 jier) fûn foaral de tekening mei de haai dy’t oan it plafond fan it museum hinget hiel moai en spannend. As er aanst wat âlder is, sil er dit fêst in geweldich boek fine, omdat hy krekt lykas Melle fan de natoer hâldt.
Mar foar no is it dochs noch in bytsje te spannend…
Ik hoopje nei it lêzen fan dit boek dat ek de oare boeken fan Jochem Myjer oer de Goargels gau oersetten wurde nei it Frysk, omdat soksoarte fan boeken derfoar soargje dat ek bern fan 6-9 jier âld wolris in Frysk boek lêze wolle.
Troch Marrit Jongbloed út Friens
‘De Goargels’ is foar € 16,95 hjir online te bestellen.
-> Marrit is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.