Zoek op inhoud

Fryske Sinteklaasprintables en mear!

De bernekeamer fan Jula

Jula (4) hat sûnt in pear jier in echte fammekeamer. Rôs, okergiel, hout en reid foarmje in harmonieus gehiel. In keammerke om ta rêst te kommen, seit mem Janneke Roorda, dy’t it hearlik fynt om neist har wurk kreatyf dwaande te wêzen.

De bernekeamer fan Mila

Mila Chandra (7) is de dochter fan Dita en Marco út De Knipe. Mem is sljocht op ynterieurstyling, mar Mila hat yntusken har eigen miening wat de ynrjochting fan har keammerke oanbelanget.

Boekrecensie van Sybrich: 'Mei ik yn dyn pemper sjen?'

De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe

Al biedt de natuer bern mear as genôch om te boartsjen, bern wolle fansels ek graach yn ’e hûs boartersguod hawwe om mei te boartsjen en harren te ûntwikkeljen. Wolst graach wat minder boartersguod yn ’e hûs, mar wolst dyn bern ek net tekoart dwaan? Gean dan ris ûndersteand rychje nei.

Twa kear op adopsjereis nei Sina

It wie in grutte dream fan Marije en Irolt Dijkstra om heit en mem te wurden. Mar dat soks op in natuerlike wize bart, is lang net foar elkenien fanselssprekkend. Doe’t it stel út Easterbierrum nei twa IVF-behannelingen mei lege hannen stie, begûn de gedachte oan adopsje te groeien. ‘Yn 2015 en 2017 ha wy in reis nei Sina makke om ús soantsjes Finn (8) en Kian (6) yn ’e earms te sluten.’

De recensie van Wieke: Winterboek

Dit is een prachtig winterboek voor kinderen van 2 tot en met 6 jaar. Aan de buitenkant van het boek kun je niet zien hoe verrassend de binnenkant is. Maar eenmaal begonnen met lezen merk je direct dat het boek gevuld is met een grote verscheidenheid aan verhalen en opdrachten. Er staan namelijk heel veel verschillende verhalen en dingen om te doen in, wat voor een perfecte afwisseling zorgt en mooi aansluit bij deze leeftijdscategorie. Voor elke leeftijd is er wat te doen, te luisteren en te knutselen.

De bernekeamer fan Noor

Miriam van der Velde-Hoekstra is gjin ûnbekende fan de heit&mem-redaksje. Doe’t har soan Mads noch in lytse poppe wie, stie syn keammerke yn de Lytse heit&mem. No hat syn suske Noor fan 3 har yntrek dien yn dit moaie keammerke. Mar der is fansels wol hiel wat feroare. Miriam is aktyf op Instagram, dêr’t se geregeld moaie foto’s fan har ynterieur dielt. Op in dei waard se benadere troch ‘Binnenzoet’ en mocht se in moai behankje útsykje. En dêr hat se doe de rest fan de oanklaaiïng fan Noor har keammerke by socht.

Kraaltsjes foar mem

‘Wat hast hjoed dien op skoalle Maaike?’ ‘Ik ha kraaltsjes rige’, seit se entûsjast. Mar dan sjoch ik ynienen in skrik yn har eagen. Se slacht de hân foar de mûle. ‘Oeps’, seit se. ‘Dat mocht ik dochs wol sizze? freget se besoarge.’ ‘Ja hear’, sis ik, ‘ik wit ommers noch net hoe’t it krekt wurdt!’ ‘Oh nee, seit se ferromme.’

Molke jaan sûnder boarsten

Wat hie it har prachtich like om har soantsje Rinse (no 8 moanne âld) fuort nei syn berte it boarst te jaan, sa’t se earder ek by dochter Mirthe (9) dien hie. Mar it mocht net sa wêze. Jannie de Haan (39) út Bitgummole moast acht jier lyn har boarsten amputearje litte.

De 10 beste foarlêstips!

Foarlêze is in feest! Oerdeis of foar it sliepen gean, it kin allegear en dyn bern sil dat spesjale momint altyd by him hâlde. Foarlêze hat ek nochris in posityf effekt op de wurdskat, spelling en tekstbegrip. Hjir in oantal handige tips om it measte der út te heljen.

Folgje