Zoek op inhoud

It wie in grutte dream fan Marije en Irolt Dijkstra om heit en mem te wurden. Mar dat soks op in natuerlike wize bart, is lang net foar elkenien fanselssprekkend. Doe’t it stel út Easterbierrum nei twa IVF-behannelingen mei lege hannen stie, begûn de gedachte oan adopsje te groeien. ‘Yn 2015 en 2017 ha wy in reis nei Sina makke om ús soantsjes Finn (8) en Kian (6) yn ’e earms te sluten.’

Duorret in swangerskip sa’n njoggen moanne, by in adopsje binne je faak jierren ûnderweis. ‘Earst ha wy 2,5 jier yn it proses sitten, doe ha wy noch in healjier op de wachtlist stien foar Finn.’ By Kian gie dat flotter. ‘Doe ha wy fjouwer moanne op de wachtlist stien.’

In berntsje adoptearje is net samar wat. ‘Earst ha wy in adopsjekursus folge. Dêrnei komt de bernebeskerming del, dy’t in rapport oer ús as echtpear opstelt. En wy moasten ûnderwylst neitinke oer ús winsken.’ Marije en Irolt woenen it leafst in jonger berntsje. ‘It is fansels hiel spannend om troch adopsje foar de earste kear âlden te wurden. It like ús in útdaging om dan fuort in âlder berntsje te krijen. Finn wie 14 moanne doe’t hy by ús kaam en Kian 22 moanne.’

De measte adoptearre bern út Sina hawwe in medysk dossier. ‘Us beide jonkjes binne berne mei schisis. Soks jout problemen mei boarstfieding en bringt ek medyske kosten mei him mei, mar wy witte net wêrom’t de biologyske âlden ôfstân dien hawwe fan harren jonkjes.’

Hoe jong oft Finn en Kian ek binne, se witte dat se út Sina komme en dat se dêr ek in heit en mem hawwe. ‘Der is altyd in ekstra pear âlden, fan wa’t wy allinnich neat witte. Mar dochs binne se wol hiel oanwêzich.’ Hoewol’t Marije en Irolt sels Frysk mei de jonges prate, wolle se de bern ek graach wat oer harren bertelân meijaan. ‘Se binne hiel grutsk dat se Sineesk binne. Yn de kringloopwinkel helje wy wolris boeken oer Sina. En yn Ljouwert sit in Sineeske skoalle, dêr’t se yn de takomst hinne meie at se mear witte wolle oer de Sineeske taal en kultuer.’

Oait wolle de Dijkstra’s op reis nei Sina mei de jonges. ‘De koroanakrisis makket dat al in skoft lestich, mar lokkich ha wy ek in soad kontakt mei oare gesinnen yn Nederlân mei Sineeske adopsjebern.’

Skriuwer: Froukje Sijtsma
Ut: heit&mem nr.2 2022