Folgje
Clicks, views, likes, volgers en abonnees: op in trochsnee freedtemiddei fleane de Ingelske en Nederlânske turbotermen ús hjir om ’e earen. Simm (8) en Tomm (6) nimme dan faak wat freontsjes mei nei hûs om ús bisten te fersoargjen of binnen te boartsjen. Oan ’e ein fan ’e middei, as de Lego, de K’nex, de Transformers en de Pokémonkaarten de put derút hawwe en it deade punt fan in enerzjyfrettende skoalwike fol swimlessen en fuotbalpraktiken him sa’n bytsje oantsjinnet, dan meie de iPads it lêste oerke foar it jûnsiten noch even oan. Even rêst yn de tinte. Alhoewol, rêst…
Sûnder ek mar in sekonde fan de kostbere skermtiid te ferliezen, dûke de wisse mannen op de tablets fan Apple. Hast mei de eagen ticht fine dy lytse fingerkes al browsend en swipend ôfgryslik flot en fluch wat se sa graach sjen wolle: YouTube fansels. Der bestiet online in groep jonge jonges fan earne yn de tweintich en tritich dy’t bern oan harren YouTube-kanaal witte te binen as miggen op sjerp en mieren op huning. Chahid Charrak makket filmkes mei syn djoere goudene Lamborghini, Royalistiq kin alderferskuorrendst goed kompjûterspultsjes spylje en Don de Jong filmet foarôf betochte grapkes. Wat der no krekt oan is om te gnuven nei oare minsken dy’t yn snelle auto’s fan trije ton harren boadskippen dogge, dy’t tjirgjend efter de Nintendo sitte om Mario nei in poddestoel te stjoeren of dy’t in munt fan twa euro fêstlymje op ’e dyk en dan filmje wa’t dêryn trapet: ik folgje it net. Mar dy twa boefkes fan ús geane sels fuortendaliks út as de iPad oangiet. Unberikber binne se sa gau as de aventoeren fan harren YouTube-helden begjinne te spyljen.
By it jûnsiten fleane de sifers Bitoen en my om ’e earen. Simm: ‘Chahid heeft 326K abonnees heit, weet je wel dat K eigenlijk duizend betekent?’ Dat wit heit wol. Tomm: ‘En sommige video’s van Don hè heit, die worden gewoon 4 of 5 miljoen keer bekeken, wist je dat?’ Nee, dat wist heit krekt noch net. Us bern groeie hjoed-de-dei allegear op yn in digitale wrâld fan influencers en YouTubers. En sûnt ik foar myn wurk as sjobisferslachjouwer ek krekt in eigen YouTube-kanaal mei myn ynterviews mei bekende Nederlanners en in Instagram-account begûn bin, is moarns it earste wat myn jonges freegje hoefolle folgers heit hjoed op Instagram hat en hoefolle abonnees derby kaam binne op heit syn Youtube. Ik tink dat ik de jonges moarnier by de bôle wol fertelle kin dat heit der wer in pear folgers en abonnees by hat. Of hawwe jo gjin smartphone of tablet?
YouTube: Andries Jelle de Jong
Instagram: @andriesjelledejong
Bertefotografy: emoasjes yn byld
Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.
Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske
Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.
Sa lêze wy: Eke en Doete
Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.
Panorama
We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?