De bernekeamer fan Mila
Mila Chandra (7) is de dochter fan Dita en Marco út De Knipe. Mem is sljocht op ynterieurstyling, mar Mila hat yntusken har eigen miening wat de ynrjochting fan har keammerke oanbelanget.
Mila wennet mei har heit en mem en har broerke Daan (1,5) yn it âlderlik hûs fan har heit. It hûs is al mear as 100 jier âld. En it grappige is: Mila sliept op it keammerke dêr’t har heit, doe’t er noch lyts wie, ek sliept hat.
It keammerke hat skeane muorren, ta grutte ergernis fan Dita. Want no kin de kast mar op ien plak stean. Mar dochter Mila hat dêr gjin problemen mei, want no kin se lekker hingje en slingerje oan de balken. En Dita moat tajaan, dy skeane muorren jouwe wol sfeer oan it keammerke.
Dita: ‘Ik bin as lytse poppe adoptearre út Yndia, en grut wurden yn De Knipe. Ik fyn it dêrom moai om wat lytse assessoires út Yndia te brûken op de keammerkes fan ús bern. Sa hat Mila in moaie tiger fan ‘Doing Goods’ op har keammerke hingjen dy’t makke is yn Yndia. Yn it niske stean in pear oaljefanten en se hat ek in sieradedoaske stean út Yndia wei. Mila is sljocht op boeken. Se lêst it leafst op har bêd, smûk ûnder de klamboe. Se hat ek in buroke, dêr kleuret se no en dan oan. En at se freondintsjes te boartsjen hat, dan boartsje se faak op it sêfte kleedsje dat op ’e grûn leit.
‘Ik fyn it ek belangryk om nei in bern te lústerjen. It is úteinlik har keamer.’
Doe’t ik yn ferwachting wie, hie ik de babykeamer wyt mei mintgrien makke, lekker neutraal. Letter ha ik mear blau brûkt en dêrnei waard it âldrôs. Mar al ridlik gau makke Mila dúdlik dat se har keammerke oars ha woe. Se woe in pearse muorre. Ik soe dat persoanlik sels noait útkieze, mar ik fyn it ek belangryk om nei in bern te lústerjen. It is úteinlik har keamer. Bêzje is no in moadekleur foar keammerkes, en echt, ik fyn it prachtich, mar hoefolle bern soenen dat sels sa útsykje? Mila moat har wol fijn fiele op har keammerke. Dus as ik no wat keapje wol foar har keammerke doch ik dat altyd yn oerlis mei har. En at sy graach wat ha wol en it wurdt my krekt wat te rôs of te glitterich, dan slute wy in kompromis. Mila har broerke Daan is 1,5 jier, it kin him noch net safolle skele hoe’t syn keammerke derútsjocht, dus dêr meitsje ik foarlopich noch mar even tankber gebrûk fan.’
Instagram fan Dita: @ditarithika
Tekst: Dieuwke van der Meer
Foto: Hippe Kiek Fotografie
Fryske berneposters
Heit&Mem hat in protte moaie kaarten en posters yn de kolleksje