Zoek op inhoud

De bernekeamer fan Ties

Mariken en Evert Boersma wenje yn Akkrum op in lytse wenbuorkerij, dy’t se drok oan it ferbouwen binne. Se binne op 11 septimber 2024 heit en mem wurden fan harren tredde berntsje. Earste dochter Maud is 6, twadde dochter Saar is 4 en ditkear waard it in prachtich jonkje mei de namme Ties.

Mariken: ‘Wy wisten net wat it wurde soe, dat it wie echt in ferrassing! It keammerke ha ik neutraal makke. Wol blau behang, mar dat hie ek wol foar in famke kinnen. It blauwe tekkentsje ha ik pas letter kocht. Hie it in famke west, dan hie ik gewoan wat rôze assessoires taheakke.

Oer it behang sprutsen, dat komt by Koester conceptstore yn Snits wei. Der stean hynders, foksen en knyntsjes op. Ik ha it bewust oant healwei de muorre dien. Op de ûnderkant sit gewoan muorresaus, want dêr setst dochs faak fan alles foar.

De âlde kast seach ik ris by skoanheit stean. Hy die der neat mear mei en ik mocht ’m wol mei ha. Doe ha ik ’m yn dizze kleur giel ferve foar myn dochters. Ik ha no de kast yn it keammerke fan Ties set. Ik tocht earder: as it in jonkje wurdt, sil ik him blau fervje. Mar no fyn ik ’m eins dochs wol moai stean sa. Lekker fleurich.

Ik fyn it hiel leuk om dingen te feroarjen. Ik bin graach mei ynterieur dwaande.

Ik hâld wol fan neutraal, mar foar in bernekeamer meie fansels ek bêst fleurige kleurkes brûkt wurde en net allinne mar bêzje.

Wy ha foar dit keammerke eins hast neat nij kocht. Utsein de kommoade. It skiepke oan de giele kast ha wy fan ús mem krigen doe’t se wisten dat der wer in lytse poppe komme soe. De muzyk-luchtballon boppe it bedsje ha ik fan in freondinne krigen. Tafallich ek blau, dat it past perfekt op it keammerke.

Op de kreambuorrel krigen we in protte moaie Fryske berneboekjes. It binne hiele oare boekjes as dat wy wend binne mei ús twa famkes. Trekkers en kranen spylje no faak de haadrol. De “duinkonijntjes”, dat binne de toffeltsjes dy’t neist it treintsje stean, komme fan Flylân. Dat is it eilân dêr’t wy altyd graach komme. Alle trije bern ha de toffeltsjes oan hân.

It krukje hat myn skoansuske meitsje litten troch cupsandplates.nl. It bertekaartsje fan Ties is dêrop neiskildere. En de poster komt by TED baby en kids wei, in hiele leuke winkel yn Snits.

It ynrjochtsjen is echt in hobby fan my, ik fyn it sá moai om te dwaan. No’t myn dochters wat âlder wurde krije se fansels harren eigen miening oer de ynrjochting. Mar ik fernim wol dat se it krekt as ik moai wurk fine om it oeral gesellich te meitsjen.’

Tekst: Dieuwke van der Meer
Foto: Hippe Kiek fotografie

De bernekeamer fan Ties

Mariken en Evert Boersma wenje yn Akkrum op in lytse wenbuorkerij, dy’t se drok oan it ferbouwen binne. Se binne op 11 septimber 2024 heit en mem wurden fan harren tredde berntsje. Earste dochter Maud is 6, twadde dochter Saar is 4 en ditkear waard it in prachtich jonkje mei de namme Ties.

De babykeamer fan Julian

‘Onze baby komt letterlijk in een warm nest’

Nienke (29) en Sierd (32) Zandberg út Raerd hâlde fan reizgjen. Foaral Súd-Afrika hat harren hert stellen. Dêrom fûnen se it net sa dreech om it tema fan de bernekeamer te betinken: safary. No mar hoopje dat harren famke ek sa fan de jungle hâldt.

De bernekeamer fan Mila

Mila Chandra (7) is de dochter fan Dita en Marco út De Knipe. Mem is sljocht op ynterieurstyling, mar Mila hat yntusken har eigen miening wat de ynrjochting fan har keammerke oanbelanget.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #11

De Lytse heit&mem is spesjaal makke foar it Taalkado. Yn dit nûmer giet it oer sliepferskes, boarstfiedingstips, oer hoe ast dyn lytse poppe it bêste fêst hâlde kinst en noch folle mear!

In protte lêswille tawinske!

Bekijk magazine