Zoek op inhoud

Sticker

Ik bin hast jierdei. Myn freon soe mei Teije in kadootsje helje yn de stêd, mar dat rûn oars. Moarn is it dan safier. ‘Wanneer ga ik dan het cadeautje kopen, mem?’

Hy wie derop berekkene. Ik lis út dat it even oars rint, mar dat ik self hjoed wol mei him de stêd yn kin. Al fielde dat ergens ek frjemd ‒ foar myself in kadootsje keapje. Mar wêrom eins net? ‘Hoe gaan we dat dan doen, mem? Want je mag het cadeautje nog niet zien.’ We betinke der wol wat op, sis ik.

Teije en ik kuierje rjochting de stêd, nei de krokodille en kamille, sa as Teije myn leaflingswinkel neamt. Teije rint foarop en ik kom achter him oan. Achter yn de winkel seit er dat ik myn eagen tichtdwaan moat. Hy hat wat sjoen. Ik doch wat er seit. Stikem sjoch ik toch even troch de kierkes fan myn wimpers. Hy pakt mei oertsjûging wat fan glês fan de planke. ‘Niet kijken hè mem.’ Nee pop, ik sjoch net. Tegearre rinne we nei de kassa. Teije hâldt it kadootsje ticht tsjin him oan. Sûnder dat ik der in blik op smyt, sis ik tsjin de kasjêre dat hy in kadootsje hat dat ynpakt wurde moat, mar dat ik it even betelje. ‘Voor wie is dit cadeautje?’ freget se wylst ik € 12,99 ôfrekkenje. ‘Voor mijn moeder’, seit Teije. ‘Die is morgen jarig.’ Ik doch in stap achterút. As taskôger sjoch ik nei de sêne dy’t him hjir ôfspilet. Teije ferfolget syn ferhaal: ‘Want een verjaardag zonder cadeau is ook niks.’ De frou freget neidat se it ynpakt hat at it sa goed is. Se skoot it pakje nei Teije ta yn de ferûnderstelling dat dat wol it gefal wêze sil. Mar Teije sjocht der kritysk nei. Ik wol sizze dat it sa wol kin, mar Teije is my foar en seit dan: ‘Misschien heb je nog een sticker voor erop?’

It rekket my. Hoe’t hy as keardeltsje it allegear sa seker wit. In moaier kado is der net.

De oare deis pak ik it kadootsje út. In kandeler mei blomkes helje ik út it papier mei de sticker. Teije glunderet. De kandeler set ik op de tafel del, we dogge der in kears yn en stekke dy oan. Foar myn jierdei. It is in spesjale dei. Dat moatte we fiere. Dêr hat Teije grut gelyk yn.

Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019).

Tekst: Sjoukje de Boer
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Kollum: Ik draag je verder

‘Ik kan het verkeerd hebben, maar ik begreep dat een draagdoek het meeste comfort geeft?’ Melissa is twee weken geleden moeder geworden van een prachtige zoon en vraagt mij in consult om haar en haar man te helpen bij het leren dragen van hun kindje.

5 manieren om je kind interesse in muziek te laten krijgen

Tegearre hjir

Foar it sliepengean lês ik Teije foar. Tegearre krûpe we dan op it grutte bêd. Hy siket dan in boek út. Faak wikenlang achterelkoar itselde boek. Op it stuit kiest hy elke jûn ‘Samen hier’.
In boek oer de ierde en alles wat hjir is.
Oer it lân, it wetter, de loft, de minsken, oer dei en nacht.

Resinsje fan Jelly: ‘jierdeikalinder’

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2025 #1

Yn dit nûmer:
🗣️ Ynterviews mei bern út Reahûs – oprjocht, grappich en ferrassend
🎉 Oer traktearjen – is traktearjen noch fan dizze tiid? Elke skoalle in oar belied?
⏰ Kloklêze – hoe kin it dat in protte bern gjin analoge klok mear lêze kinne?
🌈 In bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje út de Rottefalle – gjin mem, gjin heit, mar in mapa
👶 Hiel wat bernepraatsjes dy’t dyn dei better meitsje.
📖 In prachtich foarlêsferhaal fan Sjoukje de Boer
🎨 Nifelje mei tissuedoazen – kreative knutselwurkjes fan Cheryl

En der is noch folle mear te ûntdekken!

Bekijk magazine