Zoek op inhoud

Tegearre hjir

Foar it sliepengean lês ik Teije foar. Tegearre krûpe we dan op it grutte bêd. Hy siket dan in boek út. Faak wikenlang achterelkoar itselde boek. Op it stuit kiest hy elke jûn ‘Samen hier’.
In boek oer de ierde en alles wat hjir is.
Oer it lân, it wetter, de loft, de minsken, oer dei en nacht.

Oerdei at we yn de auto sitte, sjocht Teije út it rút. Hy is der stil fan.
‘Wat sjochst leave?’
‘Ik wil even kijken wat er allemaal is.’
At we úteinlik op it plak fan bestimming binne, hear ik him suchtsjen.
‘Ik wil nog meer van de aarde zien.’
Soms duorret in autorit him te koart. Dan kin hy dêr lilk om wurde. Dan hat er sabeare noch neat goed besjoen.

Jûns yn bêd pakt hy wer syn leaflingsboek. ‘Die heb ik gezien, en die.’
Hy wiist nei de ferskillende plaatsjes.
In baby, in beam, in flatgebou, de moanne.
Ik doch mei. Ik wiis ek nei de plaatsjes dy’t ik sjoen ha hjoed. In reinbôge, in hûn, in fyts en in leaf jonkje. ‘Wie dan?’ freget hy mei in grutte laits.

‘Ik wil die nog zien, en die.’ Teije wiist nei bergen en fulkanen. Ik lis út dat we dy wêr’t wy wenje net ha. Op myn tillefoan sykje ik plaatsjes op fan fulkanen. Teije sit der mei syn noas boppe-op. ‘Is dit nu Afrika of Amerika?’
We lizze waarm ûnder de tekkens. Ik ha in earm om him hinne. Ik snúf him op. De lêste mominten fan in dei diel ik mei him.

De wrâld wurdt foar him hieltyd in stikje grutter. In plaatsje fan in fulkaan is aansen net mear genôch. Hy sil sûnder my de wrâld ûntdekke. En dat heart ek sa.

Mar foarearst binne wy tegearre hjir.
Yn dit bêd. Dêr’t de wrâld noch lyts is en inkeld út leafde bestiet.
In wrâld dêr’t hy miskien letter nei werom ferlangje sil en dy’t, salang’t ik libje mei, bestiet foar him. At it noadich is, letter, sa no en dan.
Ik hâld dit plakje foar him frij. 

Sjoukje de Boer 

Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije. (2019) Se skriuwt al in oantal jier kollums foar de heit&mem.

Sjoukje de Boer makket ek prachtige yllustraasjes. Sjoch ris op har instagram: @sjoukje.deboer
En se hat foar de Afûk ris moaie filmkes mei dochplaten makke. Foar elkenien fergees te brûken!

Tegearre hjir

Foar it sliepengean lês ik Teije foar. Tegearre krûpe we dan op it grutte bêd. Hy siket dan in boek út. Faak wikenlang achterelkoar itselde boek. Op it stuit kiest hy elke jûn ‘Samen hier’.
In boek oer de ierde en alles wat hjir is.
Oer it lân, it wetter, de loft, de minsken, oer dei en nacht.

Pake

Mei de elektryske miggeklapper pak ik in neef.
‘Dea’, sis ik. Mei ik sjen? Teije springt op fan de bank en sjocht nei de neef.
Is dy echt dea? ‘Ja’, sis ik. Ik klopje de miggeklapper út yn de pedaalamer. De neef falt op in stik keukenpapier. It deksel falt ticht.

De basis

Sûnt trijekwart jier is der in man yn myn libben. Sûnt ús earste date dêr oan it Meerkoetstrân is er net mear wei te tinken. Ik sjoch him noch myn kant op rinnen yn syn Bonnie “Prince” Billy-shirt en mei syn gitaar op ’e rêch. 

In wike mei Floris (kollum troch Sjoukje de Boer)

Alles (kollum troch Sjoukje de Boer)

Kollum: Snein (troch Sjoukje de Boer)

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2023 #2
Bekijk magazine