Zoek op inhoud

Universum

Floris komt wer nei Ljouwert en hy nimt ditkear ek syn âlders mei.
Yn rjochte line binne dat de pake en beppe fan Teije. Foar it earst sille we mekoar treffe. We prate ôf by in lunchkafee mei boarterstún.

Earder dy wike betink ik mei Teije wat we jaan kinne as kadootsje. It wurdt in selsmakke keunstwurk fan it hielal. Teije is drok oan it tekenjen. Ik sil de wask noch even ophingje. Foardat ik mei de koer ûnder de earmen fuortrin, sis ik tsjin Teije dat er miskien no better even net ‘mem’ op de tekening sette kin. Teije kin nammentlik twa wurdsjes skriuwe. Syn eigen namme en mem. Op elke tekening set er dat steefêst op it papier.


At ik weromkom, ropt Teije dat er klear is.
Grutsk hâldt er de tekening foar him út.
Ik sjoch acht skitterjende planeten mei dêroerhinne yn koweletters skreaun ‘MEM’.
‘Leave, wêrom hast no toch mem op de tekening skreaun’, sis ik.
Teije krijt de triennen yn ’e eagen.
‘Jij hoort er toch ook bij’, seit er. 

Teije makket in nije tekening fan it hielal (sûnder mem) en dy listje we yn om oan de âlders fan Floris te jaan.

By it lunchkafee bestel ik in kofje en in fristi. At ik it spannend fyn, bin ik altyd fierstente betiid. Dan sjogge we Floris it terras oprinnen. Teije draaft op him ôf. Syn âlders komme achter him oan.

It is in fijne earste moeting. It binne leave minsken. Teije jout syn kado. Se fine it prachtich.
Oan it ein stel ik foar om in foto te meitsjen. Ik pak myn tillefoan om harren mei Teije op ’e foto te setten.
En dan hear ik wat dat ik earder heard ha dy wike.
‘Jij hoort er toch ook bij’, seit de heit fan Floris.

En sa stean we dêr, mei syn allen om Teije hinne. We hearre der allegear by. Ek dit is syn famylje. Ek dit is in stik fan syn universum, krekt as syn tekening. En wierskynlik bin ik syn grutste planeet.

Sjoukje de Boer 

Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije. (2019) Se skriuwt al in oantal jier kollums foar de heit&mem.

Sjoukje de Boer makket ek prachtige yllustraasjes. Sjoch ris op har instagram: @sjoukje.deboer
En se hat foar de Afûk ris moaie filmkes mei dochplaten makke. Foar elkenien fergees te brûken!

Sticker

Ik bin hast jierdei. Myn freon soe mei Teije in kadootsje helje yn de stêd, mar dat rûn oars. Moarn is it dan safier. ‘Wanneer ga ik dan het cadeautje kopen, mem?’

SIIK

‘Dit soart mominten fyn ik it dreechst.’

Universum

Floris komt wer nei Ljouwert en hy nimt ditkear ek syn âlders mei.
Yn rjochte line binne dat de pake en beppe fan Teije. Foar it earst sille we mekoar treffe. We prate ôf by in lunchkafee mei boarterstún.

Blau

Ik doch de doar iepen en sjoch yn deselde blauwe eagen. De herkenning docht my fersjitten, mar makket my ek waarm tagelyk. Hy hat deselde donkerbrune jas oan as doe’t wy elkoar foar it lêst seagen, sa’n twa jier werom.

Tegearre hjir

Foar it sliepengean lês ik Teije foar. Tegearre krûpe we dan op it grutte bêd. Hy siket dan in boek út. Faak wikenlang achterelkoar itselde boek. Op it stuit kiest hy elke jûn ‘Samen hier’.
In boek oer de ierde en alles wat hjir is.
Oer it lân, it wetter, de loft, de minsken, oer dei en nacht.

Pake

Mei de elektryske miggeklapper pak ik in neef.
‘Dea’, sis ik. Mei ik sjen? Teije springt op fan de bank en sjocht nei de neef.
Is dy echt dea? ‘Ja’, sis ik. Ik klopje de miggeklapper út yn de pedaalamer. De neef falt op in stik keukenpapier. It deksel falt ticht.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine