SIIK
‘Dit soart mominten fyn ik it dreechst.’
Wy binne siik. Nêst my leit Teije op it grutte bed. Hy hoastet krekt salang oant hy derfan gûle moat. ‘Memmy’, klinkt it. Mei in klamme hân fei ik syn wiete wangen drûch. Hy wiist nei it nachtkastje dêr’t de lêste dagen steefêst syn blauwe geitebeker stie mei wetter deryn. Omdat ik sûnt juster sels ek siik bin, ha ik dat ferjitten. Ik sis dat ik it fan ûnderen helje sil en dat hy even wachtsje moat. Ik hys mysels omheech. Ik fiel dat ik koarts ha. Myn kiel docht sear. Ik ha in wee gefoel yn myn mage. Ik tink dat ik spuie moat. Der is neat oars foarhannen as it potsje fan Teije dat njonken my op de grûn stiet. Ik pak it op en spui. Ik rin wilens nei de dûs en ferruilje it potsje foar de waskbak. Yn ’e fierte hear ik Teije roppen dat hy drinken ha wol. Ut de geitebeker. Hy kucht wer. Hy gûlt wer. Ik sjoch yn de spegel. Sa bleek ha ik yn tiden net west. Ik spiel myn mûle en it potsje om en rin werom nei it bêd. Ik bin ferjitten wat ik eins dwaan soe. Ik wol wer yn bêd krûpe, dêr’t myn protterke leit mei twa reade wangen boppe de tekkens út. ‘Drinken memmy.’ En dan wit ik it wer. It komt deroan, sis ik. Ik rin by de trep del. Under sykje ik om syn blauwe geitebeker. Nergens kin ik him fine. Boppe hear ik Teije kuchen en gûlen. Ik sykje fierder. Op it oanrjocht, ûnder de bank, op de tafel, yn de kast. Ik ferflok dy geitebeker en ik brek.
Dit soart mominten fyn ik it dreechst. Der binne minsken genôch dy’t sizze dat ik belje kin at der wat is, mar ik doch dat eins net sa faak.
Wylst ik in oare beker út de kast pak, tink ik nei oer hoe’t ik dit de rest fan de dei dwaan sil.
It wc-papier is hast op, krekt as de bôle.
Ik sleep mysels de trep op en krûp wer yn bêd. Ik jou in oaljefantebeker oan Teije, mar ik sjoch al oan syn gesicht dat in oaljefant noait in geit wurde sil. In prúllippe. Gûle.
Ik stjoer in freondin in appke at se even om in boadskip kin.
‘Ik kom hem wel ophalen, dan kun jij ziek zijn.’
Ik mei it dan wol allinne dwaan, dochs blykt mar wer: ‘It takes a village to raise a child’.

Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije. (2019) Se skriuwt al in oantal jier kollums foar de heit&mem.
Sjoukje de Boer makket ek prachtige yllustraasjes. Sjoch ris op har instagram: @sjoukje.deboer
En se hat foar de Afûk ris moaie filmkes mei dochplaten makke. Foar elkenien fergees te brûken!
Bertefotografy: emoasjes yn byld
Bertefotografy is yn de rest fan Nederlân al jierren populêr, mar ek yn Fryslân kieze hieltyd mear âlders derfoar om dit bysûndere momint fêstlizze te litten. Net allinnich om letter werom te sjen op dy earste mominten, mar ek om it ferhaal fan de berte in plak te jaan.
Sa prate wy thús: Thorsten en Amarinske
Thorsten (45) en Amarinske (44) Klein wenje mei harren dochter Meike (9) yn Haren (Grinslân). Thorsten praat Nederlânsk mei Meike en Amarinske Frysk. Ek Dútsk spilet in grutte rol yn it gesin, want beide studearren se Dútsk en syn mem komt út Dútslân. Underling prate Thorsten en Amarinske Nederlânsk.
Sa lêze wy: Eke en Doete
Yn ús gesin is it momint foar it sliepen gean mear as allinnich de dei ôfslute. It is in fêst ritueel wurden dêr’t wy allegear nei útsjogge: tegearre in boekje lêze. As de jûn falt en de rêst yn ’e hûs weromkomt, krûpt mem mei dochter Doete (4) ûnder de tekkens mei in Frysk boekje yn ’e hân.
Panorama
We binne yn Athene. De stêd dêr’t Floris sûnt in jier wennet.
Trije jier werom wiene we om deselde reden yn Georgië.
De reis is minder spannend as doe. Der is in stevige basis. It is dúdlik wat de ferwachtingen binne en dat is fijn.
Teminsten foar ús. Der is altyd in stim yn myn holle dy’t rekken hâldt mei Teije. Wat betsjut dizze reis foar him? En is it foar him like dúdlik as foar ús?